Y Gododdin
Appearance
It gedicht Y Gododdin wurdt oan de 7e iuwske dichter Aneirin taskreaun; it beskriuwt hoe't de manlju fan de Gododdin sneuvelen yn de slach by Catraeth (faaks Catterick yn Yorkshire) yn 600 AD. It gedicht is yn in âlde foarm fan it Welsk skreaun en oerlevere yn in 13e iuwsk hânskrift, ferneamd as it boek fan Aneirin.
It geskrift wurdt faak neamd as de âldste tekst dêr't nei Arthur yn ferwiisd wurdt.
De folseine tekst op Wikiboarne as cy:Y Gododdin.