Wythaachster Wyk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Wythaachster Wyk is in feart yn de gemeente Smellingerlân. De wyk rint bylâns de Folgeraleane en de Folgersterloane noardeast fan Drachten yn de rjochting fan de buorskip Luchtenfjild. Yn it ferlingde leit de Fiaanster Wyk.

In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren. De namme Wythaachster Wyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wittehaagsterwijk.