Springe nei ynhâld

Wynmûnen fan Kinderdijk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wynmoles fan Kinderdijk)
Mûnen fan de Kinderdijk
Lizzing

De Wynmûnen fan Kinderdijk binne in mûnegroep fan njoggentjin histoaryske wynmûnen yn de Alblasserwaard yn de provinsje Súd-Hollân. De measte mûnen steane op it doarpsgebiet fan Kinderdijk yn de gemeente Molelannen. Ien mûne stiet yn De Blokker, dat diel útmakket fan de gemeente Alblasserdam. De mûnen binne fan 1738 oant 1740 boud om de polder droech te hâlden. Tsjintwurdich is it de grutste konsintraasje histoaryske wynmûnen yn Nederlân. It is dêrnjonken ien fan de drokst besochte toeristyske attraksjes fan Nederlân. De mûnen kinne allinne op de fyts, te gean of oer it wetter besjoen wurde. Yn 1997 waarden de mûnen fan Kinderdijk bsykreaun op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO. De mûnen binne ryksmonuminten en it hiele gebiet is sûnt 1993 beskerme.

Kinderdijk leit yn de Alblasserwaard, dêr't de rivieren de Lek en de Noard inoar moetsje. Yn de 13e iuw feroarsake it wetter jimmeroan mear swierrichheden. Der waarden saneamde weteringen, kanalen, groeven om it oerstallige wetter te loazen, mar wylst de grûn ynklonk waard de wetterstân fan de rivieren troch de ôfsette sânbanken heger.

Nei in pear iuwen waard it nedich om wat nijs út te finen om de polders droech te hâlden. Tsjin it ein fan de 15e iuw waard besletten in rige mûnen te bouwen om sa oer ferskillende wetterstannen it oerstallige wetter fuort te pompen nei in reservoir. Fanút it reservoir kin it wetter troch sluzen ôfwettere wurde as de wetterstân fan de rivier leech genôch wie. Sawol it tij as de tiid fan't jier hawwe ynfloed op de wetterstân fan de rivier.

De measte fan de tsjintwurdige mûnen binne tusken 1738 en 1740 boud. Guon mûnen wurde noch jimmeroan brûkt, mar de wetterhûshâlding wurdt regele troch twa pompstasjons by ien fan de tagongen fan de wynmûnen.

Overzicht van de windmolens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Koart

Op de lokaasje binne njoggentjin mûnen te sjen:

  • Nederwaard Mûne No.1
  • Nederwaard Mûne No.2
  • Nederwaard Mûne No.3
  • Nederwaard Mûne No.4
  • Nederwaard Mûne No.5
  • Nederwaard Mûne No.6
  • Nederwaard Mûne No.7
  • Nederwaard Mûne No.8
  • Overwaard Mûne No.1
  • Overwaard Mûne No.2
  • Overwaard Mûne No.3
  • Overwaard Mûne No.4
  • Overwaard Mûne No.5
  • Overwaard Mûne No.6
  • Overwaard Mûne No.7
  • Overwaard Mûne No.8
  • De Blokker of Blokweerse molen
  • De Hoge Molen
  • Kleine- of Lage Molen

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]