Wyk auf Föhr
| Wyk op Föhr / A Wik | ||
| Lokaasje fan 'e stêd Wyk (read) op it eilân Feer yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Föhr-Amrum | |
| Gemeente-yndieling | 1 stêd (mei de doarpskearnen Boldixum en Südstrand) | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 4.113 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 8,08 km² | |
| Befolkingsticht. | 509 ynw./km² | |
| Hichte | 4 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1706 (kriget stedsrjochten yn 1910) | |
| Postkoade | 25938 | |
| Offisjele webside | ||
| www.wyk.de | ||
| Kaart | ||
Wyk auf Föhr (Noardfrysk: A Wik; Deensk: Vyk på Før; Frysk: Wyk op Feer) is in gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein op it eilân Feer. De gemeente makket diel út fan it amt Föhr-Amrum en hat 4.113 ynwenners (2024).
Njonken de stêd Wyk lizze ek de Ortsteilen Boldixum (Noardfrysk: Bualigsem) en Südstrand yn 'e gemeente.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarsprong en flekke-status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It plak Wyk ûntstie nei 1600. Nei't de Burchardifloed fan 1634 grutte dielen fan it lân ferswolge, krigen de ynwenners fan 'e deunby lizzende Halligen en fan it súdliker lizzende eilân Ald-Noardstrân nij lân tawiisd oan in bocht (fergelykje Wik) by it doarp Boldixum. Yn 1704 krige it plak havenrjochten en twa jier letter, yn 1706, de rjochten fan in flekke mei nij fêststelde grinzen.
Troch it ynstoarten fan 'e walfiskfeart dy't Feer sa'n soad wolfeart brocht, hie Wyk om 1800 hinne te krijen mei grutte ekonomyske problemen. Tusken 1788 en 1820 sakke it ynwennertal fan 772 nei 582 en likernôch in fearn fan alle gebouwen wie ferfallen.
Earste seebad en keninklik besyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1819 waard Wyk it earste offisjele baaiplak yn it hartochdom Sleeswyk en de strjitte Wasserreihe oan 'e eastkust waard al gau omfoarme ta in leane en omdoopt ta de Sandwall. De Deenske kening Freark VI skonk it plak dêrfoar tûzen jonge iperenbeammen, dy't letter lykwols troch de iperensykte wer kapt wurde moasten. Yn april 1824 krige it baaiplak de namme Wilhelminen-Seebad, ferneamd nei Wilhelmine fan Denemarken, de jongste dochter fan 'e kening. Dat jier besocht de kening it eilân sûnder him dêr bekend te meitsjen.

It oantal toeristen op Wyk groeide stadichoan mar kening Kristiaan VIII yn 1842 (oant 1847) Wyk as syn simmerferbliuw folge mei him in grutte stream nije toeristen. Yn 1844 brocht ek de Deenske mearkeskriuwer Hans Christian Andersen in besite. Hy wie goed te sprekken oer it wetter mar hie ek krityk oer de swiere reis dêrhinne; sa beskreau hy de haven Dagebüll as "it meast begrutlike gat op it ierdryk". Ek út Hamburch kamen toeristen, al duorre de reis oer lân doe noch fjouwer dagen. Mei it skip út Hamburch oer Helgolân wie it mar twa dagen, mar mei it risiko op seesykte. Yn it ramt fan 'e keninklike besites waard yn 1843/1844 ek de Königsgarten as iepenbier park westlik fan 'e binnenhaven oanlein.
Prusyske tiid en stedsrjochten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Dútsk-Deenske Oarloch fan 1864 en de stifting fan 'e Prusyske provinsje Sleeswyk-Holstein yn 1867, kaam de flekke Wyk by de kreis Tondern te hearren.
Yn 1910 krige Wyk offisjeel stedsrjochten. Yn 1924 waard it buordoarp Boldixum, dat doe 698 hektare grut wie, troch de stêd anneksearre. De oarspronklike flekke Wyk wie foar dy tiid mar 35 hektare grut.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de pogroms yn novimber 1938 (de Kristalnacht) wiene der ek op it eilân útspattingen tsjin joadske famyljes. De bern fan it joadske bernehûs moasten it eilân ferlitte troch in hage fan skoalbern, dy't de joadske bern útskolden en bespijden.
Flak foar de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich yn 1945 ferhuze de Ingenieurschule für Luftfahrttechnik (IfL) nei Wyk foar it simmersemester. Dizze oplieding wurke ek nei de Dútske kapitulaasje noch in tiid troch en waard pas op 17 april 1945 offisjeel sletten.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De histoaryske kearn fan Wyk is de Große- en Kleine Straße mei 18- en 19e-iuwske skippershûzen en ambachtswenten. Ferskillende hûzen ha ynfloeden fan 'e Nederlânske en Deenske boustilen út de tiid fan 'e walfiskfeart
It Dr.-Carl-Haeberlin-Friesen-Museum (koartwei it Friesenmuseum) ynformearret oer de skiednis en de tradysjes fan it eilân Feer. De tagong nei it museumterrein is makke fan 'e ûndertsjeaken fan in walfisk.
De Sint-Nikolaastsjerke fan Boldixum is in midsiuwske tsjerke fan graniten fjildstiennen en bakstien. De tsjerke datearret fan 'e 18e iuw. Op it tsjerkhôf steane de saneamde sprekkende grêfstiennen, de mei skippen en libbensbeammen fersierde grêfstiennen dy't it libbensferhaal fan 'e walfiskfarders ferhelje.
Ferneamde persoanen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn Wyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stine Andresen (1849–1927), dichter
- Friedrich Christiansen (1879–1972), piloat, nazy-generaal. De piloat en lettere Wehrmachtsbefehlshaber in den Niederlanden Friedrich Christiansen is hjir berne. Christiansen waard yn 1932 eareboarger fan Wyk. Nei syn frijlitting yn 1951 waard syn eareboargerskip fernijd en waard yn Wyk in strjitte nei him neamd. Dy ferneaming is letter weromdraaid.
Ferbûn oan Feer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sidonie Werner (1860–1932), politikus. Stifter fan in sanatoarium foar joadske bern mei tuberkuloaze (1927–1938) yn Wyk.
- Carl Haeberlin (1870–1954), stifter fan it Friesenmuseum yn Wyk en ûndersiker fan de Fryske skiednis; pionier fan 'e thalassoterapy
- Stanfour, in rockband.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sicht op Wyk.
- Fearboat.
- Histoaryske binnenstêd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
