Wrâldbeker fuotbal foar klupteams
Wrâldbeker fuotbal foar klupteams | ||||
sport | Fuotbal | |||
organisator | UEFA CONMEBOL | |||
earste edysje | 1960 | |||
lêste edysje | 2004 | |||
|
De Wrâldbeker fuotbal foar klupteams (Ingelsk: Intercontinental Cup) wie in fuotbalkompetysje dy't de foarrinner wie fan it Wrâldkampioenskip fuotbal foar klups fan 'e FIFA (FIFA Club World Cup). Dy kompetysje bestie fan 1960 oant 2004. Alle priiswinners waarden yn 2017 troch FIFA beneamd ta 'wrâldkampioenen'.
Yn 2005 waard de wrâldbeker ferfongen troch it troch de FIFA organisearre wrâldkampioenskip fuotbal foar klups, dêr't njonken de winners fan de UEFA Champions League en CONMEBOL Libertadores ek de kampioenen fan de oare wrâlddielen Noard Midden-Amearika, Oseaanje, Aazje en Afrika oan dielnimme. De opset is wizige yn in achtdeisk toernoai. De winners út Europa en Súd-Amearika hoege pas yn de heale finale yn aksje te kommen. It Portugeeske Porto soe yn 2004 úteinlik as lêste klup de wrâldbeker foar klubreams yn ûntfangst nimme.
Trofee-priiswinners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]