Springe nei ynhâld

Witzwort

Ut Wikipedy
Witzwort / Witswort
Lokaasje gemeente Witzwort (read) op it skiereilân Eiderstedt yn Noard-Fryslân.
Lokaasje gemeente Witzwort (read) op it skiereilân Eiderstedt yn Noard-Fryslân.
Symboal
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtEiderstedt
Sifers
Ynwennertal1.043 (31.12.2024)[1]
Oerflak28,14 km²
Befolkingsticht.37 ynw./km²
Hichte2 m
Oar
Postkoade25884
Offisjele webside
witzwort.de
Kaart
Witzwort (Sleeswyk-Holstein)
Witzwort

Witzwort (Noardfrysk: Witswort; Deensk: Vitsvort) is in plak en gemeente op it skiereilân Eiderstedt yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Eiderstedt en hat 1.034 ynwenners (2024).

Sûnt july 2000 is Witzwort troch de dielsteat Sleeswyk-Holstein in offisjeel erkend rekreaasjeplak, wat de ekonomyske betsjutting fan it toerisme foar it doarp ûnderstreket.

De plaknamme Witzwort hat in Aldfryske oarsprong dy't typysk is foar it kwelderlânskip. It efterheaksel -wort ferwiist nei in terp (yn it Noardfrysk ek wol wurt neamd). It earste part, Witz-, giet werom op 'e âlde Germaanske of Fryske foarnamme Wido. De plaknamme betsjut dêrmei safolle as "de terp fan Wido".

Likernôch trije kilometer noardlik fan it doarp leit de Roter Haubarg. Dit is in wite pleats fan it typysk Eiderstedtske type (in saneamde Haubarg) mei in reiden tek, dy't nei alle gedachten yn 1647 boud waard. De oarsprong fan 'e namme "Roter Haubarg" is net hielendal dúdlik. Mooglik ûntstie de namme pas yn 'e 18e iuw en waard dy oernommen fan in foargonger dy't reade dakpannen hie en dy't om-ende-by hûndert jier letter troch brân ferlern gie. In oare teory is dat de hjoeddeiske pleats earder read pleistere wie of dat de reade bakstiennen yn it ferline net oerpleistere wiene. Hjoed-de-dei is de Roter Haubarg it agraryske diel fan it Eiderstedter Heimatmuseum en wurdt it gebou ek as restaurant brûkt.

Sint-Marijetsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Witzwort stiet de fan bakstien boud Sint-Marijetsjerke (St. Marienkirche). De tsjerke waard yn 'e 15e iuw boud en yn 1631 útwreide mei in houten klokketoer en in oanslutend koer. De houten preekstoel waard yn 1583 ûnder dûmny Laurentius Adzen yn 'e tsjerke set. In lyts stikje njonken it tsjerkegebou leit de pastorije.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje