Winnert
| Winnert / Winert | ||
| Lokaasje gemeente Winnert (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Treene | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 718 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 18,88 km² | |
| Befolkingsticht. | 38 ynw./km² | |
| Hichte | 18 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1 april 1934 | |
| Postkoade | 25887 | |
| Offisjele webside | ||
| www.amt-treene.de | ||
| Kaart | ||
Winnert (Noardfrysk: Winert) is in plak yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Treene en hat 718 ynwenners (2024).
Njonken it doarp Winnert hearre de lytsere doarpsdielen Autrum, Brehmhöft, Osterwinnert en Winnertfeld ek by de gemeente.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Likernôch de helte fan it 631 hektare grutte beskerme feangebiet Wildes Moor leit op it grûngebiet fan 'e gemeente Winnert.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 april 1934 waard de âlde parochygemeente Ostenfeld (Kirchspielslandgemeinde Ostenfeld) opheft. Alle doarpen en buorskippen dy't dêrûnder foelen, waarden selsstannige gemeenten. Njonken it haadplak Ostenfeld waarden doe ek Winnert en it buordoarp Wittbek folslein selsstannige gemeenten.
Nammeferklearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Winnert waard yn 1423 foar it earst skriftlik dokumintearre. It earste part fan 'e namme giet nei alle gedachten werom op it Deenske vin (gêrslân, greide) of op vinde (bûging). It efterheaksel is histoarysk sjoen lestich te ferklearjen; mooglik wie de oarspronklike foarm Wynderyng, in derivaasje mei it efterheaksel -ing as oantsjutting foar de ynwenners.
De namme fan it buorskip Autrum komt neffens tinken fan it Deenske agten (fan efter) en -rum (plak/romte), wat safolle betsjut as "efter it plak".
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
