Springe nei ynhâld

Wind (rivier yn Wyoming)

Ut Wikipedy
Wind
De rivier de Wind yn it Wind River Yndianereservaat, yn 'e steat Wyoming.
De rivier de Wind yn it Wind River Yndianereservaat, yn 'e steat Wyoming.
geografy
lân Feriene Steaten
steat Wyoming
ûntspringt yn it Wind River Lake
lokaasje boarne by de Togwoteepas
mûnet út yn de Bighorn (rivier)
lokaasje mûning Wedding of the Waters, yn
Hot Springs County
plakken Dubois, Crowheart, Johnstown, Riverton
sydstreamen Bull Lake Creek, Dinwoody Creek, Lytse Wind
sifers
lingte 298 km
hichte boarne 2.975 m
hichte mûning 1.363 m
ferfal 1.612 m
ôfwetteringsgeb. 20.000 km²
ôffier (mûning) 38 m³/s

De rivier de Wind (útspr.: [wɪnd]; Arapaho: Hóteiniicíe, útspr.: [hɔteini:ʧie]) is in 298 km lang diel fan 'e bopperin fan 'e rivier de Bighorn, yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Wyoming. De hiele rivier stiet ek wol bekend as de Wind/Bighorn. De rivier de Wind ûntwetteret in gebiet fan 20.000 km².

De Boysen-kearmar.

De Wind ûntspringt yn it Wind River Lake yn 'e Rocky Mountains, deunby it heechste punt fan 'e Togwoteepas (útspr.: [to:u'ɡo:uti:]), en wurdt dêrnjonken fet troch ferskate sydstreamen dy't út 'e noardeastkant fan 'e Windrivierbergen fan westlik sintraal Wyoming komme. De rivier streamt dêrwei yn súdeastlike rjochting troch de Dobbe fan 'e Windrivier en it Wind River Yndianereservaat hinne, en waakst noch oan troch de gearfloeiïng mei de Lytse Wind, yn 'e neite fan Riverton. Streamop fan dat punt wurdt er troch de pleatslike befolking yn 'e regel de Grutte Wind neamd.

Dêrwei streamt de Wind noardoan, troch in kleau yn 'e Owl Creekbergen, dêr't er oergiet yn 'e Bighorn. Yn 'e Owl Creekbergen is er ôfdame, en foarmet er in kearmar dy't de Boysen-kearmar hjit. De Wind feroaret offisjeel yn 'e Bighorn op it punt dat "Wedding of the Waters" neamd wurdt, oan 'e noardkant fan 'e berchkleau.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.