Springe nei ynhâld

Winchester (Firginia)

Ut Wikipedy
Winchester
Bestjoer
LânFeriene Steaten
SteatFirginia
CountyFrederick County
BoargemasterElizabeth Minor
Sifers
Ynwennertal26.203↑ (2010)
Oerflak24,2 km²
Befolkingsticht.1092 / km²
Stêdekloft122.369
Hichte221 m
Oar
Stifting1752
1802 (stêd)
TiidsôneUTC-5
SimmertiidUTC-4
Offisjele webside
www.winchesterva.gov
It histoaryske sintrum fan Winchester
De John Handley High School

Winchester is ien fan de 38 ûnôfhinklike stêden yn de Amerikaanske steat Firginia. It is de haadstêd fan Frederick County.

Winchester leit yn de Shenandoah Delling, dy't tusken it Blue Ridge-berchtme en it Allegheny-berchtme leit. De stêd hat in oerflak fan 24,2 km2, hast hielendal lân. De U.S. Highway 50 rint troch de stêd yn east-west rjochting, en yn de noard-súd rjochting rinne de U.S. Highway 11 en de Interstate 81 troch Winchester. Seis kilometer súdeastlik fan it Sintrale Sakedistrikt leit it fleanfjild fan de stêd.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch wie Winchester en omkriten it tafreel fan tal fan fjildslaggen, meidat de troepen fan de Konfederaasje en de Uny alle war diene en krij dat diel fan de Shenandoah Delling ûnder kontrôle. Der binne sân grutte slachfjilden yn de oarspronklike Frederick County.

Berne yn Winchester

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Ynwenners
1980 20.217
1990 21.947
2000 23.585
2005 25.119