Springe nei ynhâld

Willie Polanco

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan William Polanco)
Polanco by syn besite oan Fryslân yn 2007

Willie (William) Polanco is in muorrekeatser yn de 1-muorre fariant út Brooklyn, New York. Hy is berne yn Santo Domingo yn de Dominikaanske Republyk.

Polanco sloech yn septimber 2006 in dûbelslach op it WK yn it Kanadeeske Edmonton, troch dêr sawol yn it inkeld- as it dûbelspul de titel te pakken. Yn 2009 wie hy op 'e nij suksesfol: Op it wrâldkampioenskip yn Portland wûn hy yn it dûbelspul de titel mei sawol de lytse as de grutte bal.

Yn 2003 helle hy syn earste wrâldtitel yn it dûbelspul yn it Ierske Kilkenny. Hy wie dêr heale finalist yn it inkelspul.

Ek op de Amerikaanske kampioenskippen hat Polanco yn it dûbelspul, tegearre mei Yuber "PeeWee" Castro al de nedige súksessen helle: Nasjonaal kampioen yn 2004, 2008, 2009, 2010 en 2012, ferliezend finalist yn 2006, 2007 en 2011 en heale finalist yn 2005. Yn it inkeldspul fan 2008 helle hy de heale finale en wie hy yn 2010 ferliezend finalist.

Op 3 jannewaris 2007 wie Polanco as earste Amerikaanske keatser te gast yn Fryslân, wêrby hy yn sportsintrum De Trije yn Frjentsjer in tal yndrukwekkende demonstraasjewedstriden spile tsjin Fryske keatsers. Sûnt dy tiid hat William Polanco him kenne litte as in ynternasjonaal promotor fan syn sport. Hy hat dêrby ûnder oaren Ingelân, Ekwador, Itaalje, Belgje, Frankryk en Spanje oandien.

Yn novimber 2007 wûn William Polanco yn Nizza Monferrato tegearre mei Tony Roberts de twadde ferzje fan it Iepen Italjaansk Kampioenskip One-Wall. Yn de finale fersloegen se it Amerikaanske duo Peewee Castro en Joe Kaplan yn 2 sets. Sawol yn 2008 as 2009 makke Polanco diel út fan it Amerikaanske team dat de One Wall Federation Cup wûn. Yn 2010 wie hy yn dat toernoai ferliezend finalist.