Springe nei ynhâld

William Marlow

Ut Wikipedy
Vesuvius erupting at Night (1768)
l'abbaye Saint-André de Villeneuve-lès-Avignon

William Marlow (Southwark yn Londen, 1740Twickenham, 14 jannewaris 1813) wie in Britsk lânskipsskilder, seeskilder en etser.

Marlow waard berne yn Londen. Hy studearre fiif jier by seeskilder Samuel Scott en ek oan de Akademy St. Martin's Lane yn Londen.

Hy waard lid fan de Incorporated Society of Artists en brocht fan 1762 oant 1764 syn oaljeverven en akwarellen yn by de eksposysjes fan dy klup yn Spring Gardens. Hy fertsjinne syn jild mei it skilderjen fan bûtenpleatsen op it plattelân.

Fan 1765 oan 1768 reizge er nei Frankryk en Itaalje op advys fan de Hartoginne fan Northumberland Elizabeth Percy. Werom yn Ingelân makke er fannijs wurk foar de Society of Artists en sette him nei wenjen oan Leicester Square yn Londen – 1771 waard er beneamd ta Fellow of the Society.

Yn 1788 ferfear er nei Twickenham en hie er útstallings yn Royal Academy; geregeldwei oant 1796, en foar it lêst yn 1807 mei syn skilderij Twickenham Ferry by Moonlight.

Keppelings om utenss

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory William Marlow fan Wikimedia Commons.