William Kwong Yu Yeung

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

William Kwong Yu Yeung (as Bill Yeung) (Sineesk: 楊光宇) is in yn 1960 yn Hongkong berne, Kanadeesk amateurastronoom mei teleskopen yn de Feriene Steaten.

Yeung hat in grut tal planetoïden ûntdutsen en ek de komeet 172P/Yeung. Fierders hat er de posysje fan it objekt J002E3 fêststeld, dêr't earst fan tocht waard dat it in planetoïde wie. Fermoedlik giet it lykwols om in raketmotor fan in Saturnus V-raket dy't Apollo 12 de romte yn brocht. Yeung arbeide earder by it Rock Finder Observatory (IAU-koade 652) yn Calgary, Alberta en wurket no yn it Desert Beaver Observatory (IAU-koade 919) en it Desert Eagle Observatory (IAU-koade 333) yn Arizona.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]