Springe nei ynhâld

Willem fan Moraavje, 3e greve fan Sutherland

Ut Wikipedy
Willem fan Moraavje,
3e greve fan Sutherland
aadlik persoan en/of hearsker
Wapen fan de greve fan Sutherland
Wapen fan de greve fan Sutherland
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum ±1250
berteplak Sutherland (Skotlân)
stjerdatum desimber 1330
stjerplak Sutherland (Skotlân)
dynasty Hûs Sutherland
etnisiteit Skotsk
Flaamsk
greve fan Sutherland
haadman fan 'e Clan Sutherland
amtsperioade 1??? – 1330
foargonger Willem fan Moraavje
opfolger Kenneth fan Moraavje

Willem fan Moraavje, 3e greve fan Sutherland (Ingelsk: William de Moravia; Sutherland (Skotlân), ±1250 – dêre, desimber 1330) wie in Midsiuwsk Skotsk ealman fan mingd Skotsk-Flaamsk etnysk komôf. Hy stiet ek wol bekend as Willem fan Sutherland of koartwei as Willem Sutherland. De oantsjutting 'fan Moraavje' ferwiisd nei (de latinisearre foarm) fan 'e Skotske krite Moray, en hat neat te krijen mei Moraavje yn East-Jeropa.

Willem fan Moraavje waard omtrint 1250 berne as de âldste soan fan Willem fan Moraavje, 2e greve fan Sutherland, en in ûnbekende mem. It is net bekend wannear't er syn heit opfolge as greve fan Sutherland en haadman fan 'e Clan Sutherland.

Der is oer him net folle bekend, behalven dat er yn 1320 ien fan 'e 51 foaroansteande Skotske eallju wie dy't de Ferklearring fan Arbroath ûndertekenen, wêrmei't Skotlân nei de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch formeel syn selsstannigens weromnaam.

Willem fan Moraavje stoar yn desimber 1330, nei't it skynt yn 'e âlderdom fan likernôch 80 jier. Hy hie gjin soannen, en waard sadwaande opfolge troch syn tritich jier jongere broer Kenneth fan Moraavje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.