Willem Maris
Willem Maris (Den Haach, 18 febrewaris 1844 – dêre, 10 oktober 1910) wie in Nederlânske keunstskilder.
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Maris waard berne as soan fan Mattheus Maris en Hendrika Bloemert. Hy krige syn earste tekenles fan syn âldere bruorren Jacob en Matthijs. Letter gie er nei de jûnskoalle fan de Haachske Akademy en krige er goerie fan de bisteskilder Pieter Stortenbeker.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Maris waard in betûft dieretekener. Yn Oosterbeek, it Nederlânske Barbizon en yn Wolfheze ûntwikkelde er syn lânskipsskilderjen. Yn 1855 krige er kunde oan Anton Mauve. Earst yn 1863 hie er syn earste eksposysje yn Den Haach. Mei Bernard Blommers reizge er yn 1865 troch de Rynsteaten; ek yn Noarwegen hat er west.
Fan 1869 ôf bleau er yn Den Haach wenjen en dêr is er mei 65 jier stoarn. Hy waard begroeven op begraafplak Oud Eik en Duinen.
Maris syn lânskippen, opfleure mei bisten, dogge faak tinken oan it wurk fan de Frânske Camille Corot. Hoewol't er as jongste fan de bruorren Maris yn de tiid feitlik it fierst fan sawol it realisme as ympresjonisme ôf stie, is er dochs faaks de meast realistyske skilder fan dy trije west. Oaren miene no krekt wer dat de meast ympresjonistyske is, mei syn wurden as tsjûge: 'ik skilderje gjin kij mar ljocht'. Soan Simon skildere ek en skreau in boek oer it skilderslaach Maris. Willem Maris wie net allinnich bekend as skilder, mar ek as tekener, etser en akwarellist. Hy wie mei-oprjochter fan de Hollandsche Teekenmaatschappij. George Hendrik Breitner wie ien fan syn learlingen.