Willem Duys

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Willem Duys yn 1985

Willem Duys (Bussum, 17 augustus 1928 - Hilfertsom, 2 juny 2011[1]) wie in Nederlânske radio- en telefyzjepresintator en muzykprodusint.

Hy makke namme mei syn telefyzjeprogramma Voor de vuist weg en mei it radioprogramma Muzyk Mozayk. Duys joech ek kommintaren by tenniswedstriden en it sjongfestival. Hy presintearre 35 jier lang it radioprogramma Muzyk Mozayk. Yn 1999 naam er ôfskied fan de radio. Mei telefyzjewurk wie hy al earder ophâlden. Duys hie yn syn lêste jierren te krijen mei de gefolgen fan in harsenynfarkt. Yn it programma De wereld draait door wie yn 2011 noch in earebetoan oan de gasthear fan de earste talkshow op telefyzje.

Willem Duys stoar op 2 juny 2011 oan de gefolgen fan in pneumony.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Willem Duys (82) is overleden, De Telegraaf, 2 juny 2011.