Wikselstripe
Appearance
In wikselstripe is in rydstripe dy't, ôfhinklik fan de drokte, iepene wurdt foar in bepaalde rydrjochting. In wikselstripe is dêrtroch in ekonomyske manier om dykynfrastruktuer te brûken, want allinnich yn spitsoeren is troch de tydlike ferkearsdrokte ekstra romte nedich, dy't ôfhinklik fan de spitsoere moarns of jûns fan rjochting feroarje kin.
As der meardere wikselstripen binne, dy't mei-inoar in rydbaan foarmje en dus ôfskaat binne fan de haadrydbanen, dan wurdt der sprutsen fan in wikselbaan.