Wikipedy oerlis:Putsje

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Neist it neisjen is dit miskien ek wol de gelegenhied om wat yn de opbou fan de jier en datum siden te feroarjen. Yn de tuskentiid binne dizze siden op in protte wiki's wat opleukt en miskien kinne wy der ek wat fan oppikke.

Jier-side: Ik fyn de jier- en ieu ferwizings oan it begjin en ein fan de side dûbelop. Allinich oan it begjien liket my wol genôch.

Datum-side: Selde ferhaal, allinich boppe oan de side is wol genoch. Fierder is op in protte wiki's in tabel mei alle dagen in de moanne. Fyn ik eins wol wat moaier, de fersje fan nl liket my it aardichst, kinst ek nei de lêste dei fan de foarige moanne en de earste fan de neikommende moanne ensf. Theun 20.01, 3 nov 2005 (UTC)

(Al dat feraardigjen wie der ek al doe't dizze ûntwerpen makke waarden.) Dat dy navigaasje dûbeld is is gjin grut probleem. It liket allinnich wat drok no't der noch net in soad tusken stiet, mar wêr't de keppelings wêze moatte hinget ôf de lêzer. Mei beide kin eltsenien navigearje.
Ik wit dat der in kalindertsje op de siden fan guon oare talen stiet, mar ik wit gewoan net wat it doel is. At it dan aardiger moat, set der dan in ôfbyld fan it wichtigste barren fan dy dei / dat jier by, wat dat ek wêze mei. Mar wa wol fan 4 maart nei 27 maart? Aliter 02.42, 4 nov 2005 (UTC)
Wa wol in fearsnjier foarút of werom? Op sich mei't om my ek wol sa bliuwe, mar at wy der in kear bydel rinne is dat wol de kans om feraardigingen (is offisjeel Frysk foar opleuken? ;) ) mei te nimmen, dus at der noch immen is mei bjusterbaarlike ideeën. Miskien is it kalindertsje neier besjoen ek wol net sa'n goed idee om't it ek in relaasje tusken in bepaalde datum en in dei yn de wike suggereert wylst dat yn elts jier oars is. Theun 22.40, 4 nov 2005 (UTC)

Nij putsje?[boarne bewurkje]

Neffens my stiet dit putsje aardich stil. Op it stuit rinne der twa oare projekten. Wikiice hat it projekt oer de Olympyske Spullen opsetten. Ik bin lestendeis begûn mei it Lanneprojekt. Misskien dat wy dêr wat omtinken oan jaan kinne en de foarútgong folge kinne. J'88 2 des 2010, 14.55 (CET)[beäntwurdzje]