Wikipedy oerlis:Ienfâldich begjinne
Appearance
Mêd of ûnderwerp
[boarne bewurkje]Rûnom op de Wikipedy-siden komt de term mêd foar, dêr't ûnderwerp of lemma bedoeld wurdt. In mêd is mear in gebiet, en dus gâns breder: muorrekeatsen is in ûnderwerp op it mêd fan it keatsen, lykas keatsen in ûnderwerp is op it mêd fan sport. Neffens wy moatte we dat hjir en dêr ris oanpasse. Graach jimme reaksje! B. 18.32, 1 aug 2004 (UTC)
- Ik wit it; "ûnderwerp" is myn wurd net, it liket my te folle in neerlandisme. "Lemma" soe meast net goed wêze, om't it beheind is ta de yngong yn de ensyklopedy, net dy saak dêr't de side oer hannelt. Somtiden is "mêd" wat te rom, mar is der in oar wurd? Faaks kin dat gewoan sa net sein wurde yn it Frysk; of it soe "saak" wêze moatte. Oars soe it feroare wurde moatte sa't "Lemma" of "Side" al goed is. Aliter 00.32, 11 aug 2004 (UTC)
- Fansels soenen we gewoan "side" brûke kinnen dêr't dat past. Eartiids koe dat net om't ik by it oersetten net sjen koe hoe't de teksten brûkt wurde soenen. Mar no kinne de teksten feroare wurde wylst de Wikipedy rint. Aliter 22.41, 3 feb 2005 (UTC)
Bewurke en weromset
[boarne bewurkje]Wat is dit allegear? Aliter 22.41, 3 feb 2005 (UTC)