Wikipedy oerlis:Artikels dy't wichtich binne foar eltse Wikipedy
Ik ha foar it gearstallen fan de list nei it Dútske en Ingelske wjergader fan dizze side sjoen. Se binne net lyk. De Ingelske hat bygelyks in list fan lannen yn de list opnaam en de Dútske Wikipedia docht dat mei in ferwizing. Ik tink dat wy sa ek ús eigen list fan 'artikels dy't wichtich binne foar eltse Wikipedy' ha moatte. Wat foar de Dútske en Ingelsktalige wikipedianen wichtich is hoecht foar ús noch net wichtich te wêzen. Ik soe sizze dat wy by lannen alle lannen fan de wrâld neame moatte. Dat sil grif te krijen ha mei it Fryske wrâldbyld dat alle lannen like wichtich binne. Foar de Ingelske Wikipedy ha se dus krekt oanjûn hokker lannen op ierde al of net belangryk binne. Dêr bin ik it net sa mei iens, yn dat gefal ha ik se leaver allegear of hielendal gjin ien. Foar de Friezen soe in artikel oer 'minderheden' (algemien) fan belang wêze omdat wy sels in minderheid binne en wy fine dochs dat eltse Wikipedy dêr wat oer skriuwe moatte soe? Ik soe jim hjirby freegje wolle om de list mei artikelen te besjen. Tank yn 't foar. --Kening Aldgilles 29 apr 2009, 14.02 (CEST)
New real time list of missing articles
[boarne bewurkje]I suggest that you give a look to the Mix'n'match tool by Magnus Manske, and that you recommend it from this page. Thanks to Wikidata, it's able to tell you in real time what articles you're missing out of several reliable lists of relevant persons. --Nemo 10 okt 2014, 19.06 (CEST)