Wikipedy:Dochs wat regels
Appearance
Om't de Wikipedy in Wiki is binne der gjin redakteuren, mar binne wy mei-inoar ferantwurdlik foar de ynhâld fan ús ensyklopedy. As wy goede wensten ûntwikkelje, en elkoar in bytsje bystjoere as dat winsklik is, dan soe it goed komme moatte. Dochs kin it maklik wêze en skriuw wat regels del, dêr't fan bliken dien hat dat ze in help wêze kinne. Dit binne fan dy regels.
Ien fêste regel
Der is mar ien fêste regel: Foar al ús bydragen jilde de fjouwer F-en:
- Frysk: Us teksten moatte yn it Frysk wêze. (Oars binne der ek Wikipedyen yn oare talen.)
- Feitlik: Wat yn ús teksten stiet moat wier sa wêze.
- Frij: Alle bydragen moatte frij wêze. Dat wol sizze: Frij fan betingsten. Se moatte ûnder de GNU Iepen Dokumentaasje Lisinsje falle, of ûnder in lisinsje dy't dêr mei kombinearre wurde kin, of se moatte hielendal frij fan rjochten wêze.
- Objektyf: Wat yn ús teksten stiet, mei net kleure wêze troch ús eigen fisy. As eat fan mear kanten besjoen wurde kin, dan moatte wy ek wier de ferskate kanten yn ús teksten opnimme. Dit is in ensyklopedy, dat de teksten moatte objektyf wêze.
Oare regels
- De stavering fan lannenammen kin net troch ien meidogger op eigen manneboet feroare wurde. As in meidogger fynt dat de stavering fan 'e namme fan in lân oanpast wurde moat, kin er dat op 'e oerlisside fan 'e Wikipedy op 't aljemint bringe. Nei in wiidweidige diskusje dêr't alle behearders by belutsen wurde en alle meidoggers dy't dat wolle oan bydrage kinne, sil der dan in stimming oer it foarstel holden wurde, wêrby't it prinsipe fan 'measte stimmen telle' jildt. (Dizze regel is ynfierd nei't der yn it ferline spul oer de stavering fan lannenammen west hat.)
De rest is mear advys:
- Meitsje jo net te drok om de regels. Meidwaan oan de Wikipedy moat aardich bliuwe. Mar om't wy de teksten mei-inoar meitsje, sil in tekst dy't jo skriuwe grif oanpast wurde as in oar fynt dat it de tekst de fjouwer F-en net achtet. (Eltse side hat in oerlisside om soks troch te praten.)
- Begjin nije siden: Teksten hoege net daalks it lêste wurd oer it mêd te wêzen. Eltsenien kin gewoan begjinne it eigen witten del te skriuwen. Dat kin sels ien inkele sin wêze. As der mar ien kear immen wat skriuwt komme der fansels oaren dy't der wat oan tafoegje wolle.
- Keppelje siden. Alles hoecht bygelyks net op ien side te stean. As jo in wurd jargon brûke kin dat op in eigen side beskreaun wurde. En oarsom kinne jo keppelings meitsje nei oare siden dy't skreaun binne oer wat jo allinnich oanstippe.
- Bou in ensyklopedy. Foegje ta wat yn in ensyklopedy heart, en betink wêr't it stean moat. As jo eat oan in side tafoegje wolle, betink dan earst of it geskikt is. As it by de side past, skriuw it dan wêr't it yn de tekst ynpast wurde kin, en pas de tekst deromhinne ek oan. Mar datselde jildt ek as jo in nije side tafoegje. Betink ek dan oft it mêd geskikt is foar de wikipedy, hokfoar titel geskikt is, en wêr't de side teplak is, en pas oare siden oan en keppelje dy mei de nije side.
- Meitsje Wikipedy:Keppelings om utens. Fansels is it baas om ynformaasje oer te nimmen op ús eigen siden, mar somtiden kin dat net. Yn sa'n gefal, mar ek om oan te jaan hokfoar boarnen jo foar in side brûkt hawwe, kinne jo keppelings tafoegje nei siden buten de Wikipedy. Dy keppelings wurde dan as in aparte rige ûnderoan de side skreaun.
- In ynfoboks brûke mei, mar it hoecht net. It stiet lykwols oare meidoggers frij om letter in ynfoboks oan in artikel ta te foegjen as dêr net ien foar brûkt is. Ek stiet it eltsenien frij om sels in nije ynfoboks oan te meitsjen as der foar it oangeande ûnderwerp noch net ien bestiet, of as de besteande om de iene of oare reden net foldocht.
- Meitsje siden net te wyld. Brûk kleuren en fette, skeane en gruttere letters allinnich as dat wier in doel hat. En foar keppelings jildt itselde. Besykje keppelings allinnich ta te foegjen as in lêzer der brûk fan meitsje soe. Dat betsjut ek dat it meast gjin doel hat en nim twa kear deselde keppeling op op deselde side.
- Wês eksakt. Us siden sille lêzen wurde troch minsken yn oare jierren, en fan oare plakken fan de wrâld. Dêrom wurdt in side better as der net stiet dat eat 'dit jier' bard is, mar yn hokfoar jier dat dan wie. En as der ek in krekte datum foar is, is dat noch better, fansels. En sa ek foar plakken. "Wûnseradiel" is better as "It westen fan ús provinsje", as it feitlik is, "Skylge en Flylân" is better as "de westlike twa Fryske eilannen", ensfh. Hast itselde jildt ek foar oantallen. Al wit men bygelyks meast net it krekte tal fan minsken yn in demonstraasje, dan is "inkele tûzenen minsken" net sa dúdlik as "tusken de trije tûzen en fjouwer tûzen minsken". Mar al seit de krante dat der twatûzen minsken by de wedstriid wienen, dan binne dat der gjin "2.000", útsein jo binne der wis fan dat se persys teld binne.
Mar úteinlik giet it der om dat wat jo skriuwe of oanpasse in ferbettering foar de Wikipedy wêze moat.