Autoritarisme (politikology): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 45 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q6229
No edit summary
 
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Authoritarian States by Freedom House.svg|thumb|''Yndieling autoritêre steaten neffens de [[net-gûvernementele organisaasje|ngo]] [[Freedom House]]]]
[[Ofbyld:Authoritarian States by Freedom House.svg|thumb|''Yndieling autoritêre steaten neffens de [[net-gûvernementele organisaasje|ngo]] [[Freedom House]]]]
'''Autoritarisme''' is in polityk systeem dat kenmerke wurdt troch de folgjende eleminten:
'''Autoritarisme''' is in polityk systeem dat kenmerke wurdt troch de folgjende eleminten:
* Der is gjin machtsdieling: de lieder of de liedende groep ferienet alle machten yn ien hân. Der is gjin skieding fan de machten (wetlike, útfierende, rjochterlike), oerienkomstich it begjinsel fan de "[[Trias politica]]".
* Der is gjin machtsdieling: de lieder of de liedende groep ferieniget alle machten yn ien hân. Der is gjin skieding fan (wetlike, útfierende en rjochterlike) machten neffens it begjinsel fan de "[[Trias politica]]".
* De machtsútoefening wurdt ek net kontrolearre, útsein troch de machthawwers sels. De typyske manifestaasjes fan demokratyske kontrole (polityk [[pluralisme]] mei respekt foar partijen yn [[opposysje (polityk)|opposysje]], in frije parse dy't opinys en analyzes ferkundigje mei dy't stridich binne mei dize fan it rezjym, respekt fan essinsjele [[boargerrjochten]], ûnder oare de frije mieningsutering) wurde net tolerearre.
* De machtsútoefening wurdt ek net kontrolearre, útsein troch de machthawwers sels. De typyske manifestaasjes fan demokratyske kontrôle (polityk [[pluralisme]] mei respekt foar [[opposysje (polityk)|opposysje]]-partijen en foar in frije parse dy't opinys en analyzen ferkundiget dy't stridich binne mei dy fan it rezjym, respekt foar essinsjele [[boargerrjochten]], û.o. fan frije mieningsutering) wurde net tolerearre.
* De legitimaasje fan it gesach en de makke beliedskeuzes bart autoritêr: de beslissing moat akseptearre wurde omdat se komt fan dejinge dy't it gesach hat, en net omwille fan in rasjonele útlis. Yn dit model is er sels romte foar de boarger om ynwindich net yn te stimmen mei de doelstellings fan it autoritêr rezjym, salang't hy him mar yn syn dieden konformearret oan de wil fan de lieding (de wet neilibbet). Dat ûnderskiedet it autoritarisme fan it [[totalitarisme]], dêr't it rezjym net allinnich de dieden, mar ek de geasten fan de befolking folslein behearskje wol, fia in algemien te akseptearjen [[ideology]].
* De legitimaasje fan it gesach en de nommen beliedsbeslissings hawwe in autoritêr karakter: in beslissing moat akseptearre wurde omdat dy komt fan dejinge (dejingen) dy't de macht hat (hawwe) en net fanwegen in rasjonele útlis (goede reden jaan). Yn dat model is der sels romte foar de boarger om ynderlik net yn te stimmen mei de doelstellings fan it autoritêre rezjym, salang't men jin yn jins dieden mar konformearret oan de wil fan de lieding (d.w.s. dy syn 'wetten' neilibbet). Dat ûnderskiedt it autoritarisme fan it [[totalitarisme]], wêrby't it rezjym net allinnich de dieden, mar ek de geast fan de befolking folslein behearskje wol troch it oplizzen fan in [[ideology]] dy't algemien akseptearre wurde moat.
* It ôftwingen fan folchsumheid bart net troch te besykjen de ynstimming fan de boargers te krijen, mar wol troch maatregels fan ûnderdrukking en geweld. Autoritêre regimes lizze in sterke neidruk op [[plysje]] en binnenlânske ynljochtingetsjinsten.
* It ôftwingen fan folchsumens bart net troch it besykjen om ynstimming fan de boargers te krijen, mar troch it nimmen fan ûnderdrukkende maatregels en troch geweld. Autoritêre rezjyms lizze sterk de klam op [[plysje]] en ynlânske ynljochtingetsjinsten.


[[Kategory:Steatsfoarm]]
[[Kategory:Steatsfoarm]]

De hjoeddeiske ferzje sûnt 8 aug 2019 om 09.34

Yndieling autoritêre steaten neffens de ngo Freedom House

Autoritarisme is in polityk systeem dat kenmerke wurdt troch de folgjende eleminten:

  • Der is gjin machtsdieling: de lieder of de liedende groep ferieniget alle machten yn ien hân. Der is gjin skieding fan (wetlike, útfierende en rjochterlike) machten neffens it begjinsel fan de "Trias politica".
  • De machtsútoefening wurdt ek net kontrolearre, útsein troch de machthawwers sels. De typyske manifestaasjes fan demokratyske kontrôle (polityk pluralisme mei respekt foar opposysje-partijen en foar in frije parse dy't opinys en analyzen ferkundiget dy't stridich binne mei dy fan it rezjym, respekt foar essinsjele boargerrjochten, û.o. fan frije mieningsutering) wurde net tolerearre.
  • De legitimaasje fan it gesach en de nommen beliedsbeslissings hawwe in autoritêr karakter: in beslissing moat akseptearre wurde omdat dy komt fan dejinge (dejingen) dy't de macht hat (hawwe) en net fanwegen in rasjonele útlis (goede reden jaan). Yn dat model is der sels romte foar de boarger om ynderlik net yn te stimmen mei de doelstellings fan it autoritêre rezjym, salang't men jin yn jins dieden mar konformearret oan de wil fan de lieding (d.w.s. dy syn 'wetten' neilibbet). Dat ûnderskiedt it autoritarisme fan it totalitarisme, wêrby't it rezjym net allinnich de dieden, mar ek de geast fan de befolking folslein behearskje wol troch it oplizzen fan in ideology dy't algemien akseptearre wurde moat.
  • It ôftwingen fan folchsumens bart net troch it besykjen om ynstimming fan de boargers te krijen, mar troch it nimmen fan ûnderdrukkende maatregels en troch geweld. Autoritêre rezjyms lizze sterk de klam op plysje en ynlânske ynljochtingetsjinsten.