Nea Salamis Famagusta FC: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Rigel 114: Rigel 114:


[[Kategory:Syprioatyske fuotbalclub]]
[[Kategory:Syprioatyske fuotbalclub]]
{{Link GA|en}}

De ferzje fan 11 mai 2015 om 20.19

Nea Salamis Famagusta FC as Nea Salamina Famagusta FC (Gryksk: Νέα Σαλαμίς Αμμοχώστου) is in profesjoneel fuotbalteam út it Syprioatyske plak Famagusta. It is no in club fan flechtlingen dy't Noard-Sypres ferlieten by de Turkske ynvaazje fan 1974. De club is no tydlik festige yn de stêd Larnaca. De clubnamme komt fan de Ald-Grykske stêd Salamis of Salamina (Gryksk: Σαλαμίς) tichteby it Famagusta fan no.

Nea Salaminas meast opmerklike prestaasjes binne syn de oerwinningen by de Syprioatyske fuotbalbeker en de Cyprus FA Shield (Súpercup) yn 1990. Yn de A Divizion is it tredde plak de bêste prestaasje. De earste fiif jier (1948–1953) die it team mei oan de Cyprus Amateur Football Federation kampioenskippen. Yn 1953 sleat de club him oan by it Sypriotysk fuotbalbûn (CFA), sa dat se meidwaan koene oan de kampioenskippen fan it bûn en om de beker. Sy hawwe mear as 50 seizoenen yn de A Divizion spile; yn it earste seizoen waarden se sânde.

It team die foar't earst mei oan de Jeropeeske kompetysje yn 1990 by de Jeropacup. Fierders hawwe se spile yn trije UEFA Intertoto Cups, nammentlik dy fan 1995, 1997 en 2000. It team heart ta de sportclubs fan Nea Salamina Famagusta, dat 1948 oprjochte is; dy club hat ek in follybalteam foar manlju.

Nea Salamina yn Jeropa

  • O = omloop
  • Groep = groepsfaze
  • PUC = punten UEFA koëffisjinten
Seizoen Kompetysje Omloop Lân Club Score PUC
1990/91 Europacup II 1 O Aberdeen FC 0-2, 0-3 0.0
1995 Intertoto Cup Groep flagge fan Dútslân Bayer 04 Leverkusen 0-2 0.0
Groep flagge fan Grikelân OFI Kreta 1-2
Groep FK Budućnost Podgorica 1-1
Groep flagge fan Estlân JK Tervis Pärnu 2-0
1997 Intertoto Cup Groep flagge fan Frankryk AJ Auxerre 1-10 0.0
Groep flagge fan Switserlân   FC Lausanne-Sport 1-4
Groep flagge fan Belgje Antwerp FC 0-4
Groep Ards FC 4-1
2000 Intertoto Cup 1 O flagge fan Albaanje KS Vllaznia Shkodër 4-1, 2-1 0.0
2 O FK Austria Wien 1-0, 0-3

Totaal tal punten foar UEFA koëffisjinten: 0.0

Ferneamde spilers

Keppeling om utens