Gregoarius fan Toers: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
L tjerke -> tsjerke; kat: Hillige
Rigel 8: Rigel 8:


===Rol as biskop===
===Rol as biskop===
In proatte biskoppen út dy tiid wienen njonken geastlik lieder ek polityk lieder fan de stêden der't sy setelden. As aartsbiskop fan Toers beklaaie Gregorius in wichtige posysje yn it polityke libben. Hy koe dan ek in soad barrens út syn tiid út eigen ûnderfiening beskriuwe. It is seker dat Gregorius in striidfeardich man wie, dy't opkaam foar de bedrigings foar de Tjerke fan Rome. Dat jilde benamme foar alles dat heidenks wie of heidensk west wie. Ek oer it [[arianisme]] yn it [[Fisigoaten|Fisigoatyske]] keninkryk út dy tiid hie hy neat goeds te sizzen en ek oer de Joadske mienskip wie hy net posityf.
In proatte biskoppen út dy tiid wienen njonken geastlik lieder ek polityk lieder fan de stêden der't sy setelden. As aartsbiskop fan Toers beklaaie Gregorius in wichtige posysje yn it polityke libben. Hy koe dan ek in soad barrens út syn tiid út eigen ûnderfiening beskriuwe. It is seker dat Gregorius in striidfeardich man wie, dy't opkaam foar de bedrigings foar de Tsjerke fan Rome. Dat jilde benamme foar alles dat heidenks wie of heidensk west wie. Ek oer it [[arianisme]] yn it [[Fisigoaten|Fisigoatyske]] keninkryk út dy tiid hie hy neat goeds te sizzen en ek oer de Joadske mienskip wie hy net posityf.


===Decem libri historiae===
===Decem libri historiae===
Rigel 22: Rigel 22:
* Gregorius van Tours, ''Historiën'', Baarn, 1994.
* Gregorius van Tours, ''Historiën'', Baarn, 1994.


[[kategory:Hillige]]


[[kategory:Midsieuwen]]
[[kategory:Midsieuwen]]



De ferzje fan 20 mrt 2007 om 21.28

Gregorius fan Toers (folút: Georgius Florentius Gregorius, 538 - † tusken 592-596) wie in Gallo-Romeinske biskop en skiedkundige.

Hy wie biskop fan Toers fan 573 oant likernôch 594. Gregorius is foaral bekend wurden as de skriuwer fan de Decem Libri Historiae (tsien boeken oer de skiednis fan de Frankyske Merovingen) en harren keninkryken, begjinnend mei de skepping fan de wrald (steunend op oare, aldere boarnen) oan't it jier 592. Gregorius fan Toers hat derneast ek noch in samling hilligenlibbens oanlein, namlik it Liber vitae patrum (Boek mei hilligenlibbens).

Eftergrûn

Gregorius waard yn 537 berne yn it hjoeddeiske Clermont-Ferrand (doetiid Arverna hieten) as telch fan in tige ynfloedryke famylje fan Gallo-Romeinske adel, dy't nei harren eigen sizzen ôfstamme fan de út de 2e ieuske Gallo-Romeinske senator Vettius Epagathus, tiidgenoat fan biskop Irenaeus fan Lyon. Oarspronklik lûdde syn namme Georgius Florentius, mar út earbied foar syn omke Gregorius (biskop fan Langres) naam hy syn namme oan. Ferskate fan syn famylje wienen earder al biskop west fan stêden lykas Lyon, Langres, Clermont en ek Toers. Gregorius klaime sels dat sawat alle biskoppen fan dy stêd yn gruttere of lytsere mate ferwanten fan him wienen. Hy hie in broer die Petrus hiete en dy't diaken wie yn Langres en dy yn 572 fermoarde waard.

Rol as biskop

In proatte biskoppen út dy tiid wienen njonken geastlik lieder ek polityk lieder fan de stêden der't sy setelden. As aartsbiskop fan Toers beklaaie Gregorius in wichtige posysje yn it polityke libben. Hy koe dan ek in soad barrens út syn tiid út eigen ûnderfiening beskriuwe. It is seker dat Gregorius in striidfeardich man wie, dy't opkaam foar de bedrigings foar de Tsjerke fan Rome. Dat jilde benamme foar alles dat heidenks wie of heidensk west wie. Ek oer it arianisme yn it Fisigoatyske keninkryk út dy tiid hie hy neat goeds te sizzen en ek oer de Joadske mienskip wie hy net posityf.

Decem libri historiae

Side ut de skiednis fan de Franken

Syn 'tjien boeken skiednis' binne fierút de ienniche beskikbeare boarne oer de skiednis fan de Frankyske ryken nei de dea fan Klovis. As aartsbiskop fan Toers ferkearde Gregorius yn de posysje om't polityke ferwikkelings fan tichby mei te meitsjen, omdat hy as aartsbiskop sels diel úmakke fan it polityk bestjoer.

Ut de boeken komt ier nei foaren as in aktief persoan, dy't in soad bartens út eigen ûnderfiening opskreau. De Frankyske dielryken ut de 6 ieu, keninklike houliks, lokale polityk yn relaasje mei de oerheid, ferwikkelings yn oare dielen fan de ryken en derbûten: alles waard troch him opskreaun. En as hy net genôch ynformaasje hie, dan makke by him de feitlike skiednis plak foar wonderen, foartekens, geroften en oare net-ferifieerbere bartenissen, wat ek typisk wie foar dy tiid. Tsjin dizze eftergrûn binne de 'decem libri historiae' noch altiten fan ûnskatbere wearde foar de skiedkundigen.

Syn stjerjier is net mei wissicheid bekend, mar moat om 594 hinne lizzen. Syn opfolger as biskop fan Toers, Pelagius, wurdt fermeld yn it jier 596 yn in brief fan paus Gregorius de Grutte en syn oerlevere wurken binnen yn 592 foltôge.

Literatuer

  • Gregorius van Tours, Historiën, Baarn, 1994.