Drouwen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L wiskje, of hat ien der noch sin oan?
Onduidelijk waarom deze pagina verwijderd zou moeten worden; probeer het maar met een geldige verwijderreden
Rigel 1: Rigel 1:
{{wiskwarskôging}}
'''Drouwen''' is in [[esdoarp]] yn de gemeente Borger-Odoorn yn [[Drinte]].
'''Drouwen''' is in [[esdoarp]] yn de gemeente Borger-Odoorn yn [[Drinte]].



De ferzje fan 29 jul 2014 om 18.59

Drouwen is in esdoarp yn de gemeente Borger-Odoorn yn Drinte.

Oant 1998 Borger, tusken Borger (suden) en Gasselte (noarden). Bewesten leit it bosk Drouwenerveld mei brântoer, heidereservaat en de fennen Smitsveen, Meeuwenveen, Watermolenveen, Lunsveen en Meindersveen. Benoarden Drouwen leit it Drouwenersân, dêr't de eastlike helte fan in grutte heideflakte mei sânferstowing is; de westlike in boskgebiet mei kafee-restaurant en bungalowpark. Fjild en sân meitsje it gebiet om it doarp hinne toeristysk oantreklik.

Hunebêd by Drouwen

Yn 1381-83 waard sprutsen fan Druwen in den kerspel to Borgheren. De naam betsjut: op of by de druw (ikker- of boulân; druwen = bebouwe). Ek boarnen út 1463 en 1482 fermelde Druwen, ien út 1609 Drouwen. Besibbe mei de manljusnamme Drouwe, Druwe en Dru wurdt ûnwierskynlik achte.

De hunebêden D 19 en 20 wienen de earste dy't mei moderne argeologyske techniken ûndersocht waarden yn 1912 ûnder lieding fan J.H. Holwerda. Drouwen wie ien fan de njoggen marke- en feangenoaten betreffende it Konvenant fan 1817 mei de stêd Grins oer de turfôffier oer it Stadskanaal. Yn de Drouwenerfeanen begûn de ôffier yn 1822. Yn de tiid fan de ôfskieding skiede Drouwen him tsjerklik ôf fan Borger. It wie eartiids in tige earm doarp: 'De moezen ligt er dood veur de spinde (breakast) en die er nog bint, die staot bokkie um 't katoen oet de laamp te vreten'... Skelnammen foar de ynwenners: Bontrokken, Poepen, Dikbillen, Steenkloppers, Stoetkonten en Mikken.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: