Golanhichte: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Reverted to revision 651568 by Addbot: Cross-wiki disruption http://toolserver.org/~luxo/contributions/contributions.php?user=%D7%A4%D7%90%D7%A8%D7%95%D7%A7&blocks=true. (TW)
L Golanhichte skoattele ([Wizigje=Slút anonymen út] (indefinite) [Werneam=Slút anonymen út] (indefinite))
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 2 aug 2013 om 13.23

Kaart fan de Golanheechten

De Golanheechflakte (Golan, Hichten fan Golan, Golanflakte of Golanhichten) is in heuveleftich gebiet op de grins tusken Libanon, Syrje, Jordaanje en Israel. Troch de Romeinen waard it gebiet eartiids oantsjutten as Gaulanitis.

Al sûnt de Aldheid wurdt it gebiet fûleindich bestride troch ferskate folken. Meast resint, ûnder de Seisdeiske oarloch fan 1967, ferovere Israel it gebiet op Syrje en anneksearre it yn 1981. It gebiet komt foar it meastepart oerien mei it Syryske gûvernemint Kwuneitra. De FN hawwe de ferovering en anneksaasje troch Israel feroardiele. Syrje wol de Golan werom ha, en krijt hjirfoar de stipe fan de FN. Libanon, en fral de Hezbollah, hawwe ek in kleem op in stikje fan Golan, mar dy kleem wurdt troch de FN net stipe.