Sykte fan Crohn: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Skipper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Skipper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Crohn_Jejunum.PNG|thumb|right|Crohn]]De '''sykte fan Crohn''' heard tegearre mei [[collitis ulcarosa]] by de groanyske ûntstekkingsreaksjes fan it maachterm kanaal. It komt troch de hiele terms foar, mar hat in foarkar foar it lêste diel fan de tinneterm en it begjin fan'e dikketerm. (lat:ileocecaal)
[[Ofbyld:Crohn_Jejunum.PNG|thumb|right|Crohn]]
[[Ofbyld:Patterns_of_CD.svg‎|thumb|200px|right|Plakken wêr't Crohn foarkomt yn'e terms.]]De '''sykte fan Crohn''' heard tegearre mei [[collitis ulcarosa]] by de groanyske ûntstekkingsreaksjes fan it maachterm kanaal. It komt troch de hiele terms foar, mar hat in foarkar foar it lêste diel fan de tinneterm en it begjin fan'e dikketerm. (lat:ileocecaal)


== Oarsaak ==
== Oarsaak ==

De ferzje fan 10 feb 2007 om 21.31

Crohn
Plakken wêr't Crohn foarkomt yn'e terms.

De sykte fan Crohn heard tegearre mei collitis ulcarosa by de groanyske ûntstekkingsreaksjes fan it maachterm kanaal. It komt troch de hiele terms foar, mar hat in foarkar foar it lêste diel fan de tinneterm en it begjin fan'e dikketerm. (lat:ileocecaal)

Oarsaak

Crohn komt by ûngefear 100/100.000 minsken foar. Fan de ûntsteanswize is net sa'n soad bekend. Flaters yn de NOD2/CARD15 genen jout in ferhege risiko en smoken in ferhege risiko fan 3-4 kear. Der binne oanwizings dat it iten fan in soad sûker of te min fansels ek in ferhege risiko jaan kin.

Klachten

Der binne allinnich klachten as de sykte aktyf is. Dat wol sizze as de ûntstekking aktyf is. Tuskentiids hoecht immen der gjin lêst fan te hawwen. De klachten binne dan foaral pine búk, diarree en ôffalle. Fierder it algemiene syk wêzen, net lekker fiele mei koarts. Dêrneist kinne ek klachten ûntstean dy't yn earste ynstânsje net sa'n soad mei it maachterm kanaal te krijen ha. Sa binne gewrichtsklachten, eachûntstekkings en nierstiennen bekende klachten by Crohn. In probleem is ek dat under aktiviteit de opname fan fiedingsstoffen troch de terms ôfnimt en in tekoart ûntstiet.

Komplikaasjes

Wat je faaks sjogge by Crohn binne ferbinings (lat:fistulae ned:fistel) tusken term en omlizzende organen. Bygelyks kin der in ferbining ûntstean tusken term-blaas, term-fagina of in iepen ferbining tusken term en hûd rûn de anus iepening (peri-anale fistel). Fierders kin de terms ôfsluten wurden troch obstruksje wêrtroch de terms útsette kinne. Der kinne absessen yn de term komme dy't knappe kinne, sadat de termynhâld frij komt.

Undersyk

Endoskopie fan term. Giele plakken op de wând fan de term. Dit wiest yne richting fan in ûntsteking.

Measttiden wurdt der bloed ôfnommen en ûndersocht op ûntstekingsferskynselen. Faaks sjogge je in ferhege tal wite bloedsellen en leech bloedgehalte (bloedarmoede). Derneist is faaks it eiwytgehalte (albumine) ferlege. Bloedûndersyk allinich is net genoch om mei sekerheid de diagnoase te stellen. hjirfoar is in endoskopie nedich. Mei in fleksibele buis wêryn in kamera en paktankje sit, wurdt de term fan de binnenkant besjoen. Sa nedich kin der ek lytse stikjes term útknipt wurde (biopt) wat ûndersocht wurde kin.

Behânneling

Oant no ta kin de sykte net genezen wurde. De behânneling bestiet der dan ek út om de ûntsteking te ûnderdrukken en oare ferfelende klachten, lykas diarree, pine búk of misselikens te ferbetterjen. Pasjinten ha minder lest fan oanfallen en oare klachten at se in goed dieet folgje. Om de ûntsteking te ûnderdrukken wurde der ûntstekingsremmers joen. Yn de lichte gefallen binne dit sulfasalazine middelen en yn slimmere gefallen corticosterioden (lykas prednison). Derneist krije pasjinten faaks in antibioticumkuur om mogelike bacterien út te skêkeljen. Somtiden kin in operaasje nedich wêze. Dat diel fan de terms dat troch de sykte net goed mear wurket wurdt fuorthelle. De beide losse dielen kinne wer oan elkoar hecht wurde (anastomose) of je krije in stoma.

Boarnen

  • De Merck Manual: Ziekte van Crohn