Springe nei ynhâld

Meidogger:Skipper

Ut Wikipedy
Taalbehearsking
fy It Frysk is de memmetaal fan dizze meidogger.
nl-3 Deze gebruiker spreekt uitstekend Nederlands.
Sykje op Taalbehearsking

Eala.

Fan herte wolkom op myn eigen stikje Fryske Wikipedia ek wol wikipedy neamt. It is bjusterbaarlik om te sjen en te hearen hoefolle minsken hjoeddeis ynformaasje sykje op wikipedia. Ek de Fryske wikipedia wurdt hieltiid mear besocht. It is fansels ek tige wichtich dat ús taal, de Fryske taal libjen bliuwt! De Fryske Wikipedia kin hjiryn in wichtige rol spylje.

Wêrom Fryske Wikipedia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ik bin sûnt april 2006 dwaande op de Fryske Wikipedia. Fia-fia hie ik wolris heard fan 'de vrije enceclopedie' en dat spruts my tige oan. Doet ik lies dat Wikipedia yn in grut tal talen beskikbar wie, sels yn ús memmetaal, wie de kar om yn it Frysk te skriuwen snel makke. De reden dat der in Fryske Wikipedia wêze moat is dat de Fryske taal, ik ha it hjirboppe ek al neamt, libje bliuwe moat. De taal is ien fan de karakteristiken dy't ús Fryzen mei elkoar ferbynt. It is ûnderdiel fan de Fryske kultuur, krekt lyk as it keatsen, it skûtsjesylen, it aaisykjen, mar ek de Fryske nuchterigens eigenskippen binne dy't ús tot Fryzen meitsje. Mei de Fryske taal behâlde wy ús eigen kultuur en dat is hurd nedich yn dizze tiid fan globalisearing.

Myn interesses geane út nei de genêskunde en alles wat dermei te krijen hat en de hurdfytssport. Hjiroer sil ik besykje stikjes te skriuwen. Fierder sil ik skriuwe oer in tal ferneamde lju dy't op de ien of oare menier myn ynteresse hawwe, mar dat lêze jo wol.

Hjirby woe ik mar ôfslute foar dit momint, mar net nei dat ik alle meidoggers fan de Fryske Wikipedia betanke wol foar hun ynset! Hulde! ik soe sizze strún marris fierder op de Fryske Wikipedia en twifelje net om ek in stikje te skriuwen.

Oant beslút ferwys ik noch nei de Fryske Ferein foar Jongerein, Bernlef te Grins, wêr de Fryske taal en kultuur yn eare hâlden wurdt. In Studinten Ferein dy't sûnt 1925 in thúsplak is foar Fryske studinten yn Grins, wêr't net allinich mar fan it libben geniete wurdt, mar ek djipper yn it Fryske wêzen yngong wurdt.

Oant sjen.