Keamermuzyk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: tl:Tugtuging pangkamara
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: als:Kammermusik
Rigel 37: Rigel 37:
[[Kategory:Muzyk]]
[[Kategory:Muzyk]]


[[als:Kammermusik]]
[[ar:موسيقى الحجرة]]
[[ar:موسيقى الحجرة]]
[[bg:Камерна музика]]
[[bg:Камерна музика]]

De ferzje fan 27 feb 2013 om 19.49

Under keamermuzyk wurdt klassike muzyk ferstien foar lytse besettings, yn Flaanderen wurdt 'ensemble' sein. Muzyk dy't jo by wize fan sprekken yn in (grutte) húskeamer (salon) spylje kinne. Keamermuzyk komt foar fan de barok ôf.

Lyts ensemble

Meast giet it om muzyk foar twa oant njoggen strikers, blazers of fokalisten, al of net yn kombinaasje mei piano. As in ynstrumint allinnich spilet, hat men it oer in solo-ynstrumint.

Tal muzikanten ien twa trije fjouwer fiif seis sân acht njoggen
Namme solo duo trio kwartet kwintet sekstet septet oktet nonet

Foarbylden: strykkwartetten, lieten mei of sûnder begelieding, klassike pianomuzyk. Sawat alle klassike komponisten ha strykkwartetten skreaun. Dy fan Mozart, Haydn, Schubert en Beethoven wurde it meast spile. Keamermuzyk wurdt ornaris yn húslike rûnte makke. Sa hienen Mozart en syn tiidgenoaten it ek bedoeld.

Keamerorkest

In keamerorkest spilet, oars as de namme tinken docht, in oar soart keamermuzyk (der is in gruttere keamer nedich, mar gjin grutte konsertseal. It tal leden fan in keamerorkest kin oprinne oant wol fjirtich. It keamerorkest spilet muzyk dy't spesjaal foar lytsere orkestbesettings skreaun is. Dat is gauris repertoire út de tiid dat de symfony-orkesten noch net sa grut wiene as hjoed de dei (2007). Spesjalisearre keamerorkesten lykas it Orkest fan de Achttjinde Ieu spilen faak op autentike ynstruminten.