Famke Janssen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: ca:Famke Janssen
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Robot: interwiki gewijzigd van fa:فامک جانسن naar fa:فامکه یانسن
Rigel 71: Rigel 71:
[[eo:Famke Janssen]]
[[eo:Famke Janssen]]
[[es:Famke Janssen]]
[[es:Famke Janssen]]
[[fa:فامک جانسن]]
[[fa:فامکه یانسن]]
[[fi:Famke Janssen]]
[[fi:Famke Janssen]]
[[fr:Famke Janssen]]
[[fr:Famke Janssen]]

De ferzje fan 19 feb 2013 om 16.13

Famke Janssen

Famke Janssen (Amstelveen, 5 novimber 1964) is in Nederlânsk filmaktrise. Hja waard wrâldferneamd mei har rol fan Xenia Onatopp, de frou dy't deadzje koe mei har dijen (...), yn de Bondfilm GoldenEye.

Janssen waard berne yn Amstelveen (net yn Amsterdam sa't guon boarnen sizze), op 5 novimber 1964 (net 1 jannewaris 1965, neffens guon boarnen). Famke is de suster fan regisseuse Antoinette Beumer en aktrise Marjolein Beumer. Nei it skieden fan harren âlden hawwe de susters de namme fan mem oannomd.

Nei de middelbere skoalle studearreJanssen in blau-moandei ekonomy oan de Universiteit van Amsterdam, wilens fertsjinne hja by mei modellewurk. Sy arbeide yn hiel Jeropa en emigrearre yn 1984 nei de Feriene Steaten fan Amerika. Rillegau hâlde hja op mei it modellewurk en sette hja útein mei in stúdzje literatuer oan de Columbia-universiteit yn New York. Om foar te kommen dat se as 'Famke Bummer' ('Famke mei boarsten') troch it libben moast, feroare hja har namme wer yn Janssen. Hja folge aktearles - earst as hobby - en ferhúze letter nei Los Angeles, dêr't se in protte audysjes die. Sy wie te sjen yn lytse gastrollen yn televyzjerigen as Melrose Place en Star Trek: The Next Generation. yn 1992 makke se har filmdebút yn it drama Fathers and Sons.

Persoanlik libben

Janssen wennet yn West Village yn New York City.[1] Sy wie troud mei de skriuwer en regisseur Tod Culpan Williams, soan fan arsjitekt Tod Williams, fan 1995 oant 2000.

Janssen hat in Boston Terrier dy't harket nei de namme Licorice; hy giet faak mei op en út.[2][3] Oan de side fan har man wie hja ek wurdfierder foar de PETA dy't opkomt foar bisterjochten: "Be an Angel for Animals".[4]

Filmografy (seleksje)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Drew Toal, The Hot Seat:She’s a hustler, baby. [1]
  2. Famke Janssen Is Steaming Hot, [2]
  3. Famke Janssen Not Ready For Motherhood, [3]
  4. Famke Janssen Is an Angel for Animals, [4]