Wylp: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: fa:گیلان‌شاه معمولی
Rigel 14: Rigel 14:


<gallery>
<gallery>
Ofbyld:Numenius arquata.jpg
Numenius arquata.jpg
Ofbyld:Curlew06.jpg
Curlew06.jpg
Ofbyld:Eggs Numenius arquata.jpg|''aaien fan de wylp''
Eggs Numenius arquata.jpg|''aaien fan de wylp''
Ofbyld:Numenius_arquata_flying.jpg
Numenius_arquata_flying.jpg
Ofbyld:Labbes parasite courlis cendre.jpg|
Labbes parasite courlis cendre.jpg|
Ofbyld:Numenius arquata Reculver.jpg|''Reculver, Kent, England yn maart''
Numenius arquata Reculver.jpg|''Reculver, Kent, England yn maart''
Ofbyld:Numenius arquata male flying.jpg
Numenius arquata male flying.jpg
Ofbyld:Numenius_arquata_amk.jpg
Numenius_arquata_amk.jpg
</gallery>
</gallery>



De ferzje fan 7 aug 2012 om 11.28

Wylp

De wylp (Numenius arquata) is in fûgel út de famylje fan de strânrinners en snippen (Scolopacidae). It is in grutte steltrinner (52 sm lang) mei in 9 - 15 sm lange, kromme nei ûnderen bûgde snaffel. It is de grutste steltrinner fan West-Europa. Hy is sûnder mis te werkennen, betizing is allinnich moogklik mei de reinwylp dy't 10 sm lytser is mei in snaffel fan 6 - 9 cm. De wylp hat net folle tekening op de kop, allinnich in skiere ljochte eachstreek. De reinwylp hat in donkere eachstreek en in krúnstreek.

Status yn Nederlân

Yn Nederlân binne wylpen it hiele jier troch te finen. De fûgel briedt yn iepen agrarysk gebiet mar ek yn droege, iepen natoergebieten. Yn de jierren 1980 groeide it oantal fûgels dat briede yn agrarysk gebiet en naam it oantal dat keas foar natoergebieten ôf. Fûgels dy't yn Nederlân briede, oerwinterje súdliker, bygelyks yn Belgje, Frankryk, Dútslân, Ierlân, Spanje en it Feriene Keninkryk. Yn de winter hâlde hjir fûgels ta út Ruslân en Skandinaavje en mooglik in lyts oantal dat hjir ek briede.

Yn it briedseizoen binne se yn hiel Europa werom te finen, mei útsein inkele lannnen yn Súdeast-Europa.
De wylp stiet net op de Nederlânske reade list, wol op de ynternasjonale IUCN-list as 'gefoelich' (Near Threatened).

Keppeling om utens

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Numenius arquata