Peter Cushing: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: pl:Peter Cushing
Movses-bot (oerlis | bydragen)
L r2.6.5) (Bot - derby: eu:Peter Cushing
Rigel 151: Rigel 151:
[[en:Peter Cushing]]
[[en:Peter Cushing]]
[[es:Peter Cushing]]
[[es:Peter Cushing]]
[[eu:Peter Cushing]]
[[fi:Peter Cushing]]
[[fi:Peter Cushing]]
[[fr:Peter Cushing]]
[[fr:Peter Cushing]]

De ferzje fan 18 mrt 2012 om 06.21

Peter Cushing yn de Breid fan Frankenstein.

Peter Cushing (Kenley, 26 maaie 1913 - Canterbury, 11 augustus 1994) wie in Ingelske akteur dy't fral bekend wie troch rollen yn horrorfilms en troch syn rol as Grand Moff Tarkin yn Star Wars.

Biografy

Peter Cushing folge toaniellessen en spile op it toaniel yn Ingelân, mar yn 1939 besleat er om nei Hollywood te ferfarren. Yn Hollywood krige er in lytse rol yn de film The Man in the Iron Mask (1939). Letter folgen noch wat lytse films yn de mande mei Stan Laurel en Oliver Hardy; mar yn 1941 gie er werom nei Ingelân.

Nei de Twadde Wrâldkriich kaam syn karriêre earst goed op gong mei 'Hamlet' út 1948. Dêr krige er ek kunde oan Christopher Lee, dy't syn bêste freon waard en mei wa dat er letter noch in soad gearwurkje soe yn horrorfilms. Op de Britske televyzje waard er rillegau bekend, mar yn de filmwrâld waard er earst in stjer doe't de gearwurking mei Hammer Film Productions begûn. Hy spile in tal kearen de rol van Dr. Frankenstein, Dr. Abraham van Helsing en Sherlock Holmes en krige namme as grut horrorfilmacteur, dy't noch faak yn horrorfilms spile mei ûnder oaren Christopher Lee en yn in tal 'Doctor Who' films (1965, 1966). (Sels fûn er lykwols neat oan horrorfilms.)

Faaks is syn meast bekende rol dy fan Grutmoff Wilhuff Tarkin yn de tige slagge sciencefictionfilm Star Wars (1977) fan George Lucas. Biggles (1986) wie Cushings lêste film. Hy die noch in stikmannich televyzjeoptredens, skreau twa autobiografieën en die war op syn hobby’s skilderkeunst en ornitology.

Yn 1989 waard er beneamd tawerd hij benoemd tot 'Officer of the British Empire' as erkenning foar syn bydragen oan it teater yn Ingelân en wrâldwiid.

Cushing stoar yn 1994 oan prostaatkanker.

Filmografy