Molière: ferskil tusken ferzjes
L r2.7.1) (Bot - derby: diq:Molière |
Luckas-bot (oerlis | bydragen) L r2.7.1) (Bot - derby: lb:Molière |
||
Rigel 117: | Rigel 117: | ||
[[ku:Molière]] |
[[ku:Molière]] |
||
[[la:Molière]] |
[[la:Molière]] |
||
[[lb:Molière]] |
|||
[[lt:Molière]] |
[[lt:Molière]] |
||
[[lv:Moljērs]] |
[[lv:Moljērs]] |
De ferzje fan 18 feb 2012 om 02.16
Molière (berne as Jean-Baptiste Poquelin) (Parys, 15 jannewaris 1622 - dêre, 17 febrewaris 1673) wie in Frânsk toanielskriuwer en akteur dy't bekendheid krige mei syn satiryske komeedzjes. Syn meast bekende wurken binne Dom Juan, Tartuffe en L'Avare (De Frek).
Biografy
Jean-Baptiste Poquelin wie de soan fan in begoedige behinger-stoffearder. Hy gie nei it Paryske College de Clermont, dêr't hy kennis makke mei it wurk fan Epicurus en Pierre Gassendi. Molière studearre rjochten yn Orléans. Yn 1643 stifte hy, dreaun troch in ûnwersteanbere ropping, mei de famylje Béjart in toanielselskip l'Illustre Théâtre, en nom de namme Molière oan. It selskip wurke sûnder sukses. Molière moast om skulden in skoft de bak yn. Hy ferliet Parys en reizge mei syn kammeraten tolve jier oanien troch de provinsje. Al gau begûn hy sels komeedzjes te skriuwen.
Op 24 oktober 1658 trede hy foar de earste kear op foar Loadewyk de XIV en syn heule hof yn in seal fan it Louvre. De byfal wie sa grut, dat Molière's selskip de namme Troupe de Monsieur fiere mocht en in seal fan it Petit-Bourbon brûke mocht. Yn 1659 iepene hy mei les Précieuses ridicules in rige fan ûngefear tritich kluchten en blijspullen, dy him de geunst en beskerming fan Loadewyk XIV besoargen en it by it neigeslacht ferneamd makken. Yn 1662 boaske hy mei de santjinjierrige toanielspylsster Armande Béjart.
Yn syn komeedzjes hie Molière krityk op edelen en geastliken, dy't tige befoarrjochte libben, op harren sleur, harren bline oanbidding fan gesach, harren minachting fan ûnderfining en waarnimming. Hy rjochte syn krityk ek op medisy, skyngelearden enoerdreaune bewûnderers fan keunst en wittenskip. Loadewyk XIV mocht him wol lije en steunde it selskip fan Molière. Hy joech tastimming op te treden yn syn eigen Palais-Royal. Nei de ôfbraak fan it paleis 'Petit-Bourbon', wegens útwreiding fan de eastlike fleugel fan it Louvre, spile it selskip faker op de nije lokaasje.
Molière ferstoar nei de fjirde foarstelling fan syn lêste komeedzje, Le malade imaginaire, wêryn hy lykas wenst de haadrol hie. Yn dit toanielstik waard de spot dreaun mei it siik wêzen. In goed resept tsjin sykte wie ûnfertinne wyn mei in grut tsik kofleis en hollânske tsiis. By de opfiering waard Molière hommels net goed. Hy waard nei hûs ta brocht en frege om in stik Parmezaanske tsiis, it ienige dat er och ite koe. It wie om'e nocht, Molière stoar noch dyselde jûn.
Yn 1680, sân jier nei syn dea, waard by dekreet troch Loadewyk XIV de Comédie Française oprjochte, wêrfan Molière as de paadsljochter sjoen wurde kin. De lokale clerus ûntsei him in begraffenis op wijde grûn, mar nei bemiddeling fan lokale pommeranten waard hy úteinlik begroeven by de net-doopte bern. Der binne ferskate spylfilms makke oer it libben fan Molière. Letter waard it talint fan Molière ek yn yntellektuele fermiddens erkend. Hy waard postúm lid fan de Académie Française. Op syn boarstbyld yn de eareseal fan de Academie waard yn 1778 de tekst: Rien ne manque à sa gloire, il manquait à la nôtre (neat ^7untbrekt oan syn eare, hy ûntbrekt oan dy fan ús) oanbrocht.
Bibliografy
- Le Médecin volant (1645) ;
- La Jalousie du barbouillé (1650);
- De trochdraver (L'Étourdi ou les Contretemps) (1655);
- Le Dépit amoureux (16 desimber 1656);
- Le Docteur amoureux (1658), dizze tekst is ferlern gien, spile foar Loadewyk XIV;
- De belachlike "precieuses" (Les Précieuses ridicules) (18 novimber 1659);
- Sganarelle ou le Cocu imaginaire (28 maaie 1660) ;
- Dom Garcie de Navarre ou le Prince jaloux (4 febrewaris 1661);
- L'École des maris (24 juny 1661);
- Les Fâcheux (17 augustus 1661);
- Skoalle foar froulju (L'École des femmes) (26 desimber 1662);
- La Jalousie du Gros-René (15 april 1663), tekst ferlern gien;
- La Critique de l'école des femmes (1 juny 1663);
- L'Impromptu de Versailles (14 oktober 1663);
- Tsjin wil en dank troud (Le Mariage forcé) (29 jannewaris 1664);
- Gros-René, petit enfant (27 april 1664), tekst ferlern gien;
- La Princesse d'Élide (8 maaie 1664);
- Tartuffe, of De huchelder (Tartuffe ou l'Imposteur) (12 maaie 1664);
- Don Juan, of De stienen gast (Dom Juan ou le Festin de pierre) (15 febrewaris 1665);
- L'Amour médecin (15 septimber 1665);
- De Minskehater (Le Misanthrope ou l'Atrabilaire amoureux) (4 juny 1666);
- Dokter tsjin wil en tank (Le Médecin malgré lui) (6 augustus 1666);
- Mélicerte (2 desimber 1666);
- Pastorale comique (5 jannewaris 1667);
- Le Sicilien ou l'Amour peintre (14 febrewaris 1667);
- Amphitryon (13 jannewaris 1668);
- George Dandin ou le Mari confondu (18 july 1668);
- De frek (L'Avare ou l'École du mensonge) (9 septimber 1668);
- De hear fan Pourceaugnac, Of in frijaazje mei hindernissen (Monsieur de Pourceaugnac) (6 oktober 1669);
- Les Amants magnifiques (4 febrewaris 1670);
- De parvenu (Le Bourgeois gentilhomme) (14 oktober 1670);
- Psyché (17 jannewaris 1671);
- De fiten fan Scapin (Les Fourberies de Scapin) (24 maaie 1671);
- It houlik fan Grevinne fan Escarbagnas (La Comtesse d'Escarbagnas) (2 desimber 1671);
- Gelearde dames (Les Femmes savantes) (11 maart 1672);
- De ynbylde sike (Le Malade imaginaire) (10 febrewaris 1673).
Jean Racine en Pierre Corneille binne kollega's fan Molière.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|