Ferskil tusken ferzjes fan "Trebonianus Gallus"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
red
L (Bot - derby: nl:Trebonianus Gallus)
(red)
[[Ofbyld:Ritratto di trebonianno gallo III sec. dc. 01.JPG|right|thumb|180px|''Buste fan Trebonianus Gallus'']]
 
'''Gaius Fibius Trebonianus Gallus''' (± [[206]] - [[Augustus]] [[253]]) wie [[Romeinske keizers|Keizerkeizer fan Rome]] fan [[juny]] [[251]] oant augustus 253. Tagelyk mei him regearen twa mei-keizers, earst [[Hostilianus]] en dêrnei [[Folusianus]]. Gallus stie net bekend as in geweldige keizer omdat er gien stappen ûndernomdûndernaam tsjin de problemen fan syn tiid.
 
==Eftergrûn==
Trebonianus Gallus waard berne yn [[Perugia (stêd)|Perugia]], boaske mei Afinia Gemina Baebiana en hie twa bern: in soan Gaius Fibius Folusianus (de lettere keizer Folusianus) en in dochter Fibia Galla. Hy makke opgong troch senator te wurden, konsul, en wie ek gûverneur fan de provinsje [[Moesja|Moesia Superior]], dêr'tyn hokker funksje hy belutsen wie by de krigen tsjin de [[Goaten|Goatyske ynfallers]].
 
Yn ien fan dizze krigen sneuvele keizer [[Desius]] mei syn soan en mei-keizer [[Herennius Etruskus]] by in fjildslach. It leger ferkleare fuort nei de slach Gallus as opfolger. Gallus adoptearre de oare soan fan Desius, Hostilianus, en erkende him as mei-keizer.
 
== Bewâld (juny 251 - augustus 253) ==
Omdat er fuort nei Rome werom woe sleat Gallus in ûnfoardielige frede mei de Goaten, dy't harren bút hâlde mochten en boppedat alle jierren in som jild fan Rome ûntfingen. Ienris yn Rome dy bliken dat dêr de [[pokken]] útbrutsen wie, dêr't Hostilianus slachtoffer fan waard. Gallus beneamde doe syn soan Folusianus as mei-keizer. Nei it skynt hat Gallus de befolking fan Rome goed holpen tidens de pokken-epidemy. Troch syn ynspannings waarden alle slachtoffers begroeven ek dyjingen dy't in begraffenis sels net betelje koenen.
 
Neffens de skriftlike boarnen oer him wie hy fierders fral besluteleas en dêrtroch gien geweldige hearsker. Under syn bewâld ferlieze de Romeinen yn it easten de provinsjes [[Armenia (provincia)|Armenia]] en [[Syria]] oan de [[Perzen]], wylst Gallus gien stappen ûndernimt om dizze werom te feroveren.
 
Yn [[253]] wegere de gûverneur fan Moesia Superior [[Aemilianus|Aemilius Aemilianus]] de jierlikse trubuut oan de Goaten te beteljen en fersloech harren op it slachfjild. Troch syn troepen waard er fuort keizer ferkleare en marsjearen nei Rome. Gallus en Folusianus hawwe besocht him tsjin te holden mei in leger dy't yn 'e gauwens formeare waard, mar doe't dat leger hearde dat it folle grutte leger fan Aemilianus flakby kommen wie meitsje it oproer en fermoarde de twa keizers.
19.909

bewurkings

Navigaasjemenu