Kapellepôle: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: De '''Kapellepôle''' is in natoergebiet yn de gemeente Opsterlân, súd fan Wynjewâld oan de Jan Hofswyk. It natoergebiet mei heide is 4 ha grut en leit middenyn de greidlannen....
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 25 jul 2009 om 10.13

De Kapellepôle is in natoergebiet yn de gemeente Opsterlân, súd fan Wynjewâld oan de Jan Hofswyk. It natoergebiet mei heide is 4 ha grut en leit middenyn de greidlannen. It frij tagonklike gebiet wurdt beheard trich It Fryske Gea dy't it nei de oarloch oankocht hat. De namme ferwiist nei de midsieuske Bonifaciuskapel dy't hjit op in hege sânkop yn it heechfean. It plak komtt net allinnich op âlde kaarten foar, mar yn it Dekema-argyf komt in oantekening út 1565 foar, wêryn't ûnder Hoarnstersweach in tal landerijen fermelden wurde mei de notysje : nog opt noord van desen plecht bonifacity cabelle in t feen te staen". Yn itselde argyf sit in keapbrief fan eigendommen yn Hoarnstersweach út 1552, dy't lizze "van den alleroudsten leidijk naast de akkerseinden, welke men in voortijden placht te gaan naar St.Bonifaciuskapel". Dit paad sil sawat lein hawwe wêr't de "Kapellewei" rint. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 stiet de "Bonifacius Capelle" noch oanjûn en wol noard fan de "Feenscheidende Greppel tusschen Opsterland en Schoterland 1716 gemaakt.