Lútzen Dijkstra: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Lútzen Dykstra feroare ta Lútzen Dijkstra: offisjele efternamme
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 28 sep 2008 om 18.06

Lútzen ("Lu") Dijkstra (7 maaie 1909 - 24 april 1964) wie in Fryske reedrider.

Syn bêste útslach wie in twadde plak by it Nederlânsk Kampioenskip fan 1933. Hy die mei oan de Olympyske Winterspullen fan 1936, wêr't hy meidie op alle ôfstannen. By de wrâldkampioenskippen wie syn bêste resultaat it 11e plak yn it einklassemint yn 1935. Noch yn 1950 kaam hy út op it Nederlânsk Kampioenskip.

Dijkstra wie ek in fertsjinstlik hurdfytser, wedstrydsiler en fuotballer. Sa wie hy keeper by ADO De Haach. Fan berop wie hy medikus. Hy ferhuze yn 1942 nei Amstelveen, wêr't hy húsarts waard.

Dijkstra wie in steunpylder fan syn dochter Sjoukje, dy't fan 1960 ôf triomfen fierde by it keunstriden. Inkele wiken nei it hichtepunt yn har karriêre, Olympysk goud op de Winterspullen 1964, kaam hy om it libben.