Wiesje Doevendans
Wiesje Doevendans (Snits, 1966), is in fysioterapeute en follybal-international út Snits.
De bûtenoanfalster is hikke en tein yn Snits. Spile mear as twahûnder wedstriden foar Snits en bleau har hiel karriêre by follyblaklup Snits. Under de namme Tromp Olympus en letter Avéro OS wurdt de club tsien kear op rige kampioen, wêrfan acht kear yn de earedifyzje. Dêrneist wurdt seis kear beslach lein op de nasjonale beker. Dat is ek de perioade dat Olympus, dat yn 1997 fusearre mei Animo ta VC Sneek, hast ûnferslaanber is. De formaasje fan Van Wijnen bliuwt seis jier lang yn kompetysjeferbân sûnder nederlaach en boekt 127 oerwinnings op rige. Op 24 novimber 1984 ferliest Olympus yn de kompetyskje foar it lêst fan it Dokkumer DVC en sûnttiids wurdt der net mear - mei útsûndering fan it Europa Cuptoernoai - ferlern. Doevendans wie de ienige spylster dy't de opmars út de twadde difyzje wei meimakke en alle 127 duels, tegearre mei Hans van Wijnen ûnferslein bleau.