What the fuck?
Appearance
(Trochferwiisd fan What the fuck)
- What the fuck wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: What the Fuck.
"What the fuck?", soms ôfkoarte ta "WTF?", is in krêftwurd yn 'e foarm fan in fraach, dy't oarspronklik út 'e Amerikaansk-Ingelske sprektaal komt. Tsjintwurdich wurdt er ek brûkt yn oare Ingelsktalige lannen en heart men him sels yn oare talen, lykas it Nederlânsk. De term drukt ferheardens of ferbjustering út, mei (soms) ek wat ferûntweardiging. It is dreech om What the fuck? sekuer oer te setten nei it Frysk, mar it komt likernôch del op: "Wat krije we godferdomme no?" Minder oanstjitjaande synonimen yn it Ingelsk binne û.m. "What the hell?", "What the devil?" en "What on Earth?"
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |