Wettertoer fan Coevorden
Appearance
De Wettertoer fan Coevorden, dy't ûntwurpen waard troch de arsjitekt J.P. Hazeu, waard boud yn 1914 troch it boubedriuw MABEG. De wettertoer stiet oan it Van Heutszpark en hat in hichte fan 32,20 meter en in wetterreservoir fan 150 m³. Op it dak fan de toer stiet in wynwizer.
Yn 2004 is de wettertoer yngreven restaurearre. De gemeente Coevorden hat de wettertoer de status ryksmonumint jûn. Wetterliedingmaatskippij Drinte is eigener fan de toer.
Yn 2008 is de wettertoer ôfbylde op in postsegelfeltsje fan "Mooi Nederland Coevorden".
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wettertoer Coevorden fan Wikimedia Commons. |