Skrok (wetterskip)
Appearance
(Trochferwiisd fan Wetterskip Skrok)
Skrok wie in wetterskip by Easterein yn de eardere gemeente Hinnaarderadiel.
It wetterskip fan 206 hektare hie de taak de reed dy't yn it ferlingde fan de dyk fan Itens nei Easterein leit te behearen, ynklusyf in brêge oer de Eastereinder Feart en byhearende dammen. It wetterskip waard yn 1952 oprjochte op fersyk fan in bewenner en benammen omdat de brêge ferfongen wurde moast en de ferhurding fan de reed ferbettere wurde moast.
Skrok gie op yn wetterskip It Marnelân. Nei fierdere fúzjes falt it gebiet sûnt 2004 ûnder Wetterskip Fryslân.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |