Springe nei ynhâld

Seesûchdier

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wettersûchdier)
In gewoane seehûn (Phoca vitulina).

In seesûchdier, of (minder gongber) wettersûchdier, is in sûchdier dat foar syn bestean ôfhinklik is fan in ekosysteem yn see. Sokke bisten binne alle walfiskeftigen (walfisken, dolfinen en brúnfisken), alle seerôfdieren (seeliuwen, seehûnen en walrussen), alle seekij (doejongs en lamantinen), twa soarten martereftigen: de see-otter (Enhydra lutris) en de kustotter (Lontra felina), en ien soarte bear: de iisbear (Ursus maritimus).

Seesûchdieren binne in ynformele kloft, dy't yn 'e taksonomy gjin jildige rang fertsjintwurdiget. It binne nammentlik tige ferskillende bisten, dy't net fan in mienskiplike foarâlder ôfstamje. It iennichste dat harren ferbynt, is dat se net sûnder de see kinne om te oerlibjen. Dy oerienkomst is ta stân kommen troch in proses fan konverginte evolúsje.

In bultrêch (Megaptera novaeangliae).

Sûchdieren binne in kloft bisten dy't him op it lân ûntwikkele hat, mar guon sûchdieren ûndergiene letter in evolúsje dêr't se troch weromkearden nei de see, dêr't harren fiere foarâlden wei kamen. Guon seesûchdieren, lykas de Gangesdolfyn (Platanista gangetica), de Orinocodolfyn (Inia geoffrensis) en de Amazônelamantyn (Trichechus inunguis), makken neitiid in fierdere ûntwikkeling troch dy't har fan seedieren feroare yn rivierbewenners, dy't yn swietwetter libje.

Ferskillen mei oare seefauna

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't seesûchdieren ôfstamje fan bisten dy't har op it lân ûntjûn hawwe, beskikke se oer in wringe dy't optimalisearre is foar rinnen of draven. Dat betsjut dat it ûnderlichem by harren fral geskikt is om op-en-deljende bewegings te meitsjen en minder om hinne-en-werjende bewegings meitsjen. Seesûchdieren swimme dêrom troch it ûnderlichem op en del te bewegen ynstee fan hinne en wer, sa't fisken dogge. Om dy reden hawwe fisken almeast fertikale sturtfinnen, wylst walfiskeftigen horizontale sturtfinnen hawwe.

In Karibyske lamantyn (Trichechus manatus).

In oar grut ferskil mei fisken en de measte oare marine fauna (útsein bisten as seeskyldpodden en seeslangen) is dat seesûchdieren longen hawwe ynstee fan kiuwen. Dat betsjut dat se nei it wetteroerflak ta moatte om mei de noasters boppe wetter te sykheljen, ynstee dat se de soerstof dêr't se ferlet fan hawwe út it wetter sels helje, lykas fisken dogge. De measte seesûchdieren kinne lykwols tige lang, soms wol inkele oeren, ta mei ien sike.

Seesûchdieren hawwe yn begjinsel hier, wylst fisken gjin hier mar skobben hawwe. De hoemannichte hier by seesûchdieren ferskilt: de measte seerôfdieren, see-otters, kustotters en iisbearen hawwe in folsleine pels, wylst walfiskeftigen en seekij mar in hiel lytse bytsje hier hawwe, wêrfan't de groei beheind is ta inkele lytse dielen fan it lichem.

In groep eksimplaren fan 'e Kalifornyske seeliuw (Zalophus californicus).

Seesûchdieren binne sûchdieren, wat betsjut dat, oars by de measte fisken, de befruchting ynwindich yn it lichem fan 'e mem plakfynt. De jongen groeie yn it limoer fan 'e mem oant se ree binne om berne te wurden. De measte seesûchdieren krije mar ien jong tagelyk. Nei de berte wurdt it jong troch de mem fet mei molke út molkeklieren.

Ferskillen mei oare sûchdieren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seesûchdieren ferskille benammen fan lânsûchdieren troch har lichemsbou. Walfiskeftigen, seerôfdieren en seekij hawwe in sturt ynstee fan efterpoaten en boarstfinnen (by seesûchdieren ek wol flippers neamd) ynstee fan foarpoaten. Oan dy hege mjitte fan spesjalisearring is ôf te lêzen hoelang't beskate groepen bisten al yn see libje. Walfiskeftigen en seekij libje dêr al tige lang en kinne har op lân alhiel net mear rêde. Seerôfdieren (seeliuwen, seehûnen en walrussen) libje wat minder lang yn see en komme noch op lân om út te rêsten en har fuort te plantsjen. See-otters en kustotters binne ferhâldingsgewiis noch mar frij resint nei see gien. Se hawwe noch fjouwer poaten en kinne op it lân ek ridlik goed út 'e fuotten, al binne se better oanpast oan in libben yn it wetter. De iisbear is it resintste seesûchdier, dat ek noch fjouwer poaten hat en it meastepart fan syn tiid noch op lân trochbringt.

In iisbear (Ursus maritimus).

Seesûchdieren hawwe har oanpast oan it libjen yn in kâld biotoop. Dêrom hawwe se, oars as lânsûchdieren, in lichemstemperatuer dy't folle heger is har om-en-by. Om har lichemswaarmte net oermjitte fuortlekke te litten, hawwe walfiskeftigen en seerôfdieren in tsjûke laach fetweefsel ûnder de hûd, dy't in isolearjende wurking hat en har waarm hâldt. Datselde gou foar de útstoarne stellerseeko (Hydrodamalis gigas). Hjoeddeistige seekij komme inkeld yn tropyske en subtropyske seeën foar en hawwe gjin ferlet fan in isolearjende fetlaach. Otters en iisbearen isolearje har mei har pels ynstee fan mei in fetlaach.

In see-otter (Enhydra lutris).

In stikmannich seesûchdieren is slim bedrige mei útstjerren en inkele soarten binne al útstoarn. Walfisken en seehûnen binne symboalen wurden foar de bedriging fan bistesoarten en de striid fan natoerbeskermers om it wrâldwide bioferskaat te behâlden.

Yn resinte jierren is de iisbear (Ursus maritimus) in symboal wurden fan 'e opwaarming fan 'e Ierde troch klimaatferoaring om't dy soarte slim yn 'e swierrichheden kommen is troch it fuortteien fan 'e poalkape yn it Noardpoalgebiet. De Sineeske rivierdolfyn (Lipotes vexillifer), dy't foarkomt yn 'e rivier de Jangtsekiang, is it slachtoffer wurde fan 'e withoe flugge groei fan 'e Sineeske ekonomy. Dit bist is krityk bedrige as gefolch fan miljeufersmoarging en habitatferlies.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.