Wetterhealrûn
Appearance
It wetterhealrûn is it healrûn mei it heechste persintaazje wetter.
Der binne ferskate manieren wêrop dy omskriuwing útwurke wurdt:
- Dat healrûn, dat fan alle mooglike healrûnen fan de Ierde it healrûn is mei it heechste persintaazje wetter.
- Fan de grutsirkel mei it grutste ferskil yn persintaazje wetter tusken de twa healrûnen, it healrûn mei it measte wetter.
- It healrûn beheind troch de evener dat it grutste persintaazje wetter hat, it súdlik healrûn.
De earste mooglikheid wurdt it meast brûkt as omskriuwing, wylst de twadde de meast-brûkte útwurking is.
Wêr't it wetterhealrûn presys leit is net dúdlik, útsein foar de tredde mooglikheid. It is al dúdlik dat it sintrum net fier fan Nij-Seelân lizze sil, mei fierder op it healrûn Austraalje, Antarktika en lytse partsjes fan de oare wrâlddielen, mei útsondering fan Jeropa. Mar fral leit in grut part fan de Stille Oseaan op it wetterhealrûn. Dit jout in healrûn mei likernôch 89% wetter. Dat betsjut dat al is it in healrûn mei wetter, dochs is der hieltyd noch likernôch 11% lân.