Westland Lysander

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wesland Lysander, fleanree eksemplaar op Shuttleworth, 2004
Fjouwer Lysanders fan de RAF boppe Madagaskar yn WKII

De Westland Lysander (ferneamd nei de Spartaanske admiraal Lysander) wie in Britsk ferbinings- en ferkenningsfleanmasine, bout troch Westland Aircraft, dy't flak foar en yn de Twadde Wrâldkriich brûkt waarden. De heechdekker fleach foar it earst yn 1936 en kaam yn 1938 yn tsjinst by de RAF. Der binne sa'n 1368 stiks fan makke[1] De taken fan de Lysander wienen artillery-fjoerlieding en ferkenning.

Operasjonele skiednisied[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1939 skeat in Westland Lysander in Heinkel He 111 del en ûnder operaasje Dynamo waarden de Lysanders brûkt om troepen te befoarriedzjen. De tastellen binne ek yn Grikelân, Noard-Afrika en it Fiere Easten ynset.

It die al ier yn 1940 bliken dat de Lysander te kwetsber wie foar de rol dêr't er foar ornearre wie. Dêrom krige it oare taken lykas it ferfier fan persoanen nei en út it fan Nazy-Dútslân besette West-Europa (fral beset Frankryk). Meidat it tastel genôch hie oan in koarte lâningbaan en ymprovisearre fleanfjildsjes wie it dêr in gaadlik fleantúch foar.

De Lysanders waarden úteinlik allinne noch brûkt foar it tôgjen fan sjitskiven en sweeffleanmasines.

Spesifikaasjes (Lysander Mk III)[bewurkje seksje | edit source]

Lysander Mk I, mei profyl fan de Mk.III(SD) covert operations aircraft.
  • Bemanning: 1 piloat, 1 passazjier (of waarnimmer)
  • Lingte: 9.29 m
  • Spanwiidte: 15.24 m
  • Hichte: 4.42 m.
  • Gewicht leech: 1.984 kg
  • Maks. gewicht: 2.877 kg
  • Motor: 1 Bristol Mercury XX radiaalmotor fan 870 hk (649 kW)
  • Maks. faasje: 341 km/o op 5.000 ft (1.520 m)
  • Fleanberik: 966 km
  • Fleanplafond: 6.550 m
  • Klimfermogen: nei 3.050 m yn 8 min
  • Startoanrin: 279 m (15 m hichte)
  • Bewapening:
    • 2 masinegewearen yn de tsjilkappen en twa mg's foar de waarnimmer
    • 4 bommen fan 9 kg ûnder de romp (aparte útrissing: 227 kg ûnder fleugels)


Besibbe ûntwerpen[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) Perner, André - Engelse vliegtuigen 1940-1945 - A.W. Bruna, Utrecht.