Springe nei ynhâld

Weingat

Ut Wikipedy
Weingat yn de âlddyk fan de Ingwierrumerpolder

In weingat, jet (de) of kûpuere is in trochsnijing fan in wetterkearing; de wetterkearing wurdt ferlege foar in wei of reed.

By gefaarlike situaasje moatte dizze trochgongen wêr tichtset wurde kinne. De beide sydkanten fan de trochgongen hawwe dêrfoar mitsele muorren. Tusken de muorren kinne faak in dûbele rige sketbalken set wurde. Somtiden is der ek in doar dy't de trochgong ôfslute kin. Foar ekstra feiligens kinne sânsekken tusken de sketbalken of tsjin de doar oanset wurde. By de weingatten mei sketbalken stiet meast in ôfdakje dêr't de sketbalken opsteapele lizze.

De weingatten komme benammen foar yn sekundêre wetterkearings lykas slieperdiken en kaden. Yn Fryslân binne bygelyks in grut tal te finen yn de slieperdiken efter de Ingwierrumerpolder en de Eanjumer- en Ljussenserpolder. Dêr hat hast eltse pleats oan de súdkant fan de âlddyk in eigen trochreed nei it boulân yn de nije polders.

Yn de seediken komme se hast net foar. In foarbyld fan in kûpuere yn in seedyk is de Keerweer yn Delfsyl.