Weard (strjitte)
Appearance
(Trochferwiisd fan Weard (Ljouwert))
De Weard (Nederlânsk en offisjeel: Weerd) is in strjitte yn it sintrum fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert. De Weard is koart en frij smel, en rint rûchwei yn noard-súdrjochting. Dêrby ferbynt dizze strjitte de stille kant fan 'e Nijstêd (d.w.s. de Nijstêd-Noardkant), yn it suden, mei de Beginestrjitte yn it noarden. De Weard begjint ter hichte fan 'e eastkant fan 'e Lange Piip (in tige brede brêge dy't de beide kanten fan 'e Nijstêd mei-inoar ferbynt). Hy komt út op 'e eastlike ein fan 'e Beginestrjitte, dêr't dy in knik nei it noarden makket.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|