Springe nei ynhâld

Wapen fan Weststellingwerf

Ut Wikipedy
Gemeentewapen Weststellingwerf

It gemeentewapen fan Weststellingwerf is yn 1818 troch de Hege Ried fan Adel fêststeld. It wapen waard beskreaun as

Fan sulver beladen mei in griffioen fan keel, de holle nei efteren dragend, mei tusken de foar- en efterpoaten in reade bal, beladen mei in fiifpuntige stjer fan sulver.
Net beskreaun is de gouden kroan mei trije blêden en twa pearels.

Yn it wapen stiet in griffioen of grypfûgel, in fabeldier út de âldheid. Aristias (+/_ 560 f.Kr.) fermeldet dat de griffioen de beweitser wie fan it goud yn it noarden fan Europa en de bestrider fan de ieneagige Arimaspen yn Skytsje. Oare skriuwers miene dat hy út Ynje kaam: hjir wie hy oan de sinne wijd en wurke as skatbewarder. Dit ferhaal is letter nei it westen oerbrocht, dêr't de griffioen in plak krige yn de keunst en de heraldyk. It bist hat it boppeliif fan een earn, hynsteearen en it ûnderliif fan in liuw. It wurdt meastal fan de sydkant ôfbylde, mei de sturt oerein. Soms is de sturt ek tusken de efterpoaten troch slein. Op it wapen stiet in griffioen ôfbylde mei de holle nei efteren draaid. Tusken de foarpoaten en efterpoaten hâldt hy in reae bal mei in fiifpuntige stjer fan sulver.