Springe nei ynhâld

Wapen fan Lemsterlân

Ut Wikipedy
Gemeentewapen Lemsterlân

It wapen fan de gemeente Lemsterlân waard fêststeld op 25 maart 1818 en beskreaun as:
Fan sulver beladen mei in earm fan keel kommende fan de rjochter side fan it skyld, dragende op syn hân in wrâldkloat fan goud. It skyld dekt mei in kroan fan goud.
De kroan hat trije blêden en 2x3 pearels. De hân is fan natuerlike kleur.

De oarsprong fan it wapen is net bekend. Fergelykje ek Doanjewerstâl. Oant yn de sechtjinde iuw hienen beide gritenijen faak deselde grytman.

Op de toer fan de herfoarme tsjerke stiet in wimpel mei dêryn it gemeentewapen fan Lemsterlân.