Wapen fan It Hearrenfean
Appearance
(Trochferwiisd fan Wapen fan It Hearrenfean (gemeente))
It gemeentwapen fan It Hearrenfean waard fêststeld by Keninklik Beslút fan 24 oktober 1935 mei de beskriuwing
Dield: Yn azuer in brutsen tsjil fan sulver en dêrûnder in skean sulveren swurd mei in gouden hânfetsel. Yn sulver in plante beam fan sinopel, oan wjerskanten fan de stamme mei in lizzende turf fan sabel.
It skyld dekt troch in gouden kroan, útfierd mei trije reade en twa griene stiennen, trije blêden en twa pearels.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente It Hearrenfean waard yn 1934 foarme troch de fúzje fan de gemeenten Aenjewier en (in diel fan) Skoatterlân. Underdielen fan de wapens fan dizze gemeentes binne werom te finen yn it nije wapen fan It Hearrenfean:
- Lofterdiel (rêd en swurd) is diel fan it wapen fan Skoatterlân.
- Rjochterdiel (beam en twa turven) komt fan it wapen fan Aenjewier.