Springe nei ynhâld

Wapen fan Goaiïngahuzen

Ut Wikipedy
Wapen fan Goaiïngahuzen

It wapen fan Goaiïngahuzen is it wapen fan it doarp Goaiïngahuzen, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2016 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Ferheege trochsneid troch de midden fan in gouden hoekige swersbalke fan trije hoeken, boppe blau, ûnder yn grien in sulveren spinnekopmûne en belein mei trije neist elkoar steande ljippen yn natuerlike kleuren.


De heraldyske kleuren binne: goud, azuer (blau), sinopel (grien) en sulver.

  • Blau fjild: stiet foar it wetter wat in soad yn in de omkriten fan it doarp te finen is.
  • Gouden hoekinge dwersbalke: ferbyldet it hea dat hjir makke wurdt. De punten stie symboal foar de trije kearslûsen dy oanwêzich binne yn de Modderige Bol en de Goaiïngahúster Sleat.
  • Griene fjild: ferwiist nei it gêslân yn de omkriten fan it doarp.
  • Trije ljippen: yn de omkriten fan it doarp fynst in soad greidefûgels, de ljip is de meast foarkommende fûgel.
  • Spinnekopmûne: yn de omkriten fan it doarp stie fjouwer spinnekopmûnen: Jansmole, De Modderige Bol, Heechhiem en Roekmole.