Springe nei ynhâld

Wapen fan Dokkum

Ut Wikipedy
Stedswapen fan Dokkum
Gemeentewapen fan Dongeradiel

It stedswapen fan de stêd Dokkum bestiet út in blau skyld mei dêrop trije giele seispuntige stjerren en in sulveren waaksende moanne mei de punten nei ûnderen ta. It wapen wurdt dekt mei in gouden kroan.

De oarsprong fan it wapen komt nei alle gedachten fan it grutsegel dat yn de 15e iuw yn Dokkum brûkt waard. Dat grutsegel bestie út in grutte tsjerke (de Abdijtsjerke), dêr't in sinne, in moanne en tolve stjerren boppe stienen. Op in lytsere segel wienen der noch trije himellichems oer mei dêrboppe in wassenaar (dat is in waaksende moanne yn it earste kertier). Dit is de wierskynlike komôf fan it stedswapen fan Dokkum.

In oare ferklearring is neffens oerlevering dat de heale moanne tafoege is nei de ferovering fan it Egyptyske Damietta yn 1219 by de Fiifde Krústocht. Dêrby spilen de Dokkumers en de Haarlimmers in bysûndere rol.

In oar ferhaal oer de ôfkomst fan it wapen is dat oer it laach Riemersma. Dizze ynfloedrike famylje út de gemeente hie ek in soksoarte wapen. It wapen fan de famylje bestie út trije klavers fan goud yn in blauwe eftergrûn mei in omkearde wassenaar fan sulver.

It wapen is op meardere plakken yn Dokkum werom te finen, ûnder oare op gevelstienen, Dokkumer sulver, skilderijen en brêgen. Sa ek op de gevelstien fan de eastlike tagong fan Dokkum. Dizze eardere poarte hjit dan ek de Healemoannepoarte. Ek is it wapen foar in diel werom te finen yn it gemeentewapen fan Dongeradiel, dêr't Dokkum it haadplak fan is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Club 65 Dokkum, Dokkum 2007, folderútjefte fan ûndernimmersferiening

mei dêryn ynformaasje oer Dokkum en de aktiviteiten yn 2007.