Wapen fan De Westhoek
Al lang wie der yn De Westhoek in fraach om in doarpswapen. By ien fan de ynlevere ideeën siet it rymke 'n Golf en 'n dyk met skapen, is 't Westhoekster wapen. Om't it sa aardich wie, akseptearre de Fryske Rie foar Heraldyk it as wapenrym, sa't de eardere gemeente it Bilt dy mear hat. De kleuren binne basearre op de Biltske flagge.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trochsnien: I opnij trochsnien fan sulver en grien mei yn it skyldhaad, op de dielline rinnend twa efter elkoar oan rinnende reade skiep, it efterste skiep op de midden fan it skyld; II trochsnien fan goud en blau yn de foarm fan in nei lofts oerslaande weach.
De begroeide griene seedyk mei reade skiep is dien om foar te kommen dat tsjin de heraldyske regels sûndige waard; gjin metaal op metaal (goud [=giel] op goud of sulver [=wyt] op sulver) en gjin kleur op kleur. Dat yn dit gefal gjin wite skiep. Om't brún yn de heraldyk net wênstich is, wie read de tichtst neistlizzende kleur. Boppedat koenen sa alle kleuren fan de Bildtske flagge brûkt wurde.
De skiep binne yn de (heraldyske) rjochterhoeke setten om noch efkes de namme fan it doarp oan te jaan. In Fryske heraldyske eigenaardichheid is it om it skyld as lânkaart te besjen, noard is boppe, west (heraldysk) rjochts; de Westhoek dus.
De weach hat hjir in dûbelde betsjutting; as earste fansels de efter de dyk lizzende see en as twadde in herinnering oan de "Weach fan Unrêst", in monumint hjirre, dat herinnert oan de arbeidersbeweging oan de ein fan de 19e iuw. De weach is yn it goud (giel) setten om de dyk ekstra aksint te jaan en om wer foar te kommen dat kleur op kleur (blau op grien) tapast wurde soe. It goud is ek it symboal foar de "gouden hoep" lykas yn Fryslân de dyk ek neamd wurdt en sa't dy ek yn de ferfallen wapens fan de eardere seewarrende wetterskippen foarkaam (bg. "De Bildtpollen").